Fergunning tinkteken grêf oanfreegje

Tegearre mei in stienhouwer kinne jo in tinkteken ûntwerpe. Foar it pleatsen fan in tinkteken hawwe jo in fergunning nedich. Dy freget de stienhouwer meastentiids foar jo oan. De gemeente spuitet it tinkteken ien kear yn 't jier yn mei in middel dat algen tsjinhâldt, fersoarget de grêfbeplanting en docht it algemien ûnderhâld fan it begraafplak.

Fergunning tinkteken oanfreegje

Kosten

It taryf foar in fergunning fan tinktekens hinget ôf fan it soarte fan grêf of jiskebestimming:

 
Fergunning Taryf
Fergunning tinkteken inkeld, twa-djip en dûbeld grêf € 81
Fergunning tinkteken bernegrêf, urnegrêf of persoanlik struifek € 40

 

Utsûndering

Foar in standert tinkplaat foar in nis yn 'e urnemuorre hawwe jo gjin fergunning nedich. Jo regelje sels de ynskripsje en betelje dêrfoar ek de kosten. Foar in persoanlike tinkplaat freegje jo wol in fergunning oan. Dy moat ek oan de betingsten foldwaan.

Betingsten

Oan it ûntwerp fan in tinkteken sit in oantal betingsten. Hjirûnder lêze jo de belangrykste betingsten:

  • It tinkteken wurdt fan duorsum materiaal makke.
  • By de oanfraach stjoere jo in wurktekening mei. Dêrop stiet in tekening fan it boppe-, foar- en sydoansicht fan it tinkteken.
  • Op de wurktekening stiet ynformaasje oer de ôfmjittingen, it materiaal, de kleur, de bewurking fan 'e letters, de wurdyndieling en de fundearring.
  • It tinkteken is net grutter as de maksimale ôfmjittingen foar it soarte fan grêf of tinkplaat.
  • It tinkteken wurdt pleatst troch in spesjalisearre bedriuw. Nammeplaatsjes op it tinkmonumint fan it algemien struifjild wurde troch de begraafplakbehearder pleatst.
  • Sierurnen binne makke fan duorsum en waarsbestindich materiaal, en binne geskikt foar bûtendoar.

Lês alle betingsten mei details yn it dokumint Regels voor gedenktekens op de gemeentelijke begraafplaatsen.

Tinkflinter foar ferstoarn berntsje

Op de begraafplakken De Wâldhôf, Slingehof en it Suderbegraafplak stiet in flinterrots. Alden dy't harren berntsje ûnder de swangerskip, befalling of koart nei de befalling ferlern hawwe, kinne in glêzen tinkflinter op 'e rots pleatse litte. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de flinterkoördinator op telefoannûmer 06 303 895 94. Jo kinne ek in e-mail stjoere nei ernaregenboog@gmail.com.

Beplanting op it grêf

Jo meie it grêf beplantsje. Dêrfoar nimme jo kontakt op mei de begraafplakbehearder. Tegearre mei de behearder besjogge jo watfoar planten mooglik binne. Jo keapje en plantsje sels de beplanting. De gemeente mei beplanting ferwiderje dy't sûnder oerlis pleatst is.

Betingsten beplanting

Ek foar beplanting binne der betingsten:

  • Beplanting mei yn folle bloei net bûten de grinzen fan it grêf komme, en ek net boppe de hichte fan de tekst op it tinkteken.
  • As der gjin tinkteken is, mei de beplanting maksimaal 1 meter heech en 80 sintimeter breed wêze.
  • Net-bliuwende, útbloeide beplanting hellet de behearder fuort. Dat jildt ek foar ferwile losse blommen, blomstikken en krânsen. Linten en blomstikken bliuwe minimaal 13 wike nei de begraffenis op it grêf lizzen. Dêrnei hellet de behearder se fuort.

Ek ynteressant foar jo: