Oanjefte ferstjerren
Oanjefte fan ferstjerren dogge jo yn de gemeente dêr’t ien ferstoarn is. Meastentiids docht de útfeartfersoarger oanjefte. Jo kinne as neibesteande ek sels oanjefte dwaan.
As útfeartfersoarger oanjefte dwaan
As útfeartfersoarger dogge jo mei eHerkenning oanjefte fan ferstjerren. Jo moatte as kontaktpersoan fan jo organisaasje dêrfoar oanmeld wêze by de gemeente.
Tink derom: Is jo organisaasje noch net oanmeld? Of binne jo as kontaktpersoan net bekend by de gemeente? Jou dan de neikommende gegevens oan ús troch fia it algemiene kontaktformulier: namme organisaasje, adres, KvK-nûmer, kontaktpersoan, BSN fan kontaktpersoan, e-mailadres, telefoannûmer.
Kinne jo net digitaal oanjefte dwaan? Nim dan telefoanysk kontakt mei ús op fia 0512 581 234.
Digitaal oanjefte ferstjerren dwaan (mei eHerkenning)
As neibesteande oanjefte dwaan
Jo kinne as neibesteande oanjefte fan ferstjerren dwaan. Belje de gemeente op 0512 581 234 foar it meitsjen fan in ôfspraak op it gemeentehûs.
Nim foar de ôfspraak de neikommende dokuminten mei:
- In jildich paspoart, identiteitskaart of rydbewiis.
- In doktersferklearring fan it ferstjerren.
Kosten
In akte fan ferstjerren kostet € 16,60.
Dit moatte jo witte
- Oanjefte fan ferstjerren dogge jo rom foar de dei fan de begraffenis of kremaasje.
- Is de persoan yn it bûtenlân ferstoarn? Dan jouwe jo dat troch oan de wengemeente fan de ferstoarne. Dêr hawwe jo in (legalisearre) akte fan ferstjerren foar nedich út it plak dêr’t de persoan ferstoarn is.
- Begrave of kremeare fan de ferstoarne mei net earder as 36 oeren en net letter as 6 wurkdagen nei de dei fan ferstjerren.
- Mear ynformaasje oer oanjaan fan ferstjerren kinne jo fine op Ryksoerheid.nl.
- Besjoch ek de siden Begrave en jiskebestimmingen en Fergunning tinkteken grêf oanfreegje.
Oanjefte lykfinen
Is de dei fan ferstjerren net dúdlik? Dan is der sprake fan lykfinen. As útfeartûndernimmer dogge jo oanjefte fan lykfinen.
Online oanjefte fan lykfinen (mei eHerkenning)
Oanjefte fan deaberne bern
As in bern deaberne is, dan kinne jo as útfeartfersoarger dêr online oanjefte fan dwaan.
Online oanjefte deaberne bern (mei eHerkenning)
Wolle jo as âlder sels oanjefte dwaan? Belje dan de gemeente op 0512 581 234 foar it meitsjen fan in ôfspraak op it gemeentehûs.
Mear ynformaasje oer it oanjaan fan in deaberne bern fine jo op Ryksoerheid.nl .