Bystânsútkearing
Hawwe jo gjin of te min ynkommen, dan krije jo miskien in bystânsútkearing. De bystânsútkearing kinne jo oanfreegje op werk.nl. Mear ynformaasje dêroer lêze jo hjirûnder.
Betingsten
- Jo wenje yn de gemeente Smellingerlân;
- Jo binne 27 jier of âlder;
- Jo hawwe de pensjoenberjochtige leeftiid noch net berikt;
- Jo hawwe gjin of net genôch ynkommen of eigen fermogen om libje te kinnen;
- Jo kinne gjin berop dwaan op in oare regeling of útkearing.
Mienskiplike húshâlding
Wenje jo tegearre mei jo partner of hawwe jo in mienskiplike húshâlding? Dan telt it ynkommen en it eigen fermogen fan dy persoan mei yn de beoardieling. In mienskiplike húshâlding betsjut dat twa persoanen harren haadferbliuw hawwe yn itselde hûs. Sy soargje foar inoar troch bygelyks tegearre de kosten fan de húshâlding te dielen.
Kostedieler
Hawwe jo in húsgenoat mei wa't jo gjin mienskiplike húshâlding hawwe? Dan kin it wêze dat dy persoan meitelt as kostedieler. Dat kin fan ynfloed wêze op de hichte fan jo útkearing. Jo fine mear ynformaasje oer de kostedielersnoarm op de webside fan de Ryksoerheid.
Hoe wurket it?
In útkearing oanfreegje kinne jo dwaan fia werk.nl.
Bisto tusken de 18 en 27 jier? En hasto in leech ynkommen? Dan kinsto in bystânsútkearing oanfreegje. De gemeente besjocht oftsto miskien rjocht hast op dy útkearing. Dêrfoar moatst oan in tal betingsten foldwaan:
Betingsten
- Do wennest yn de gemeente Smellingerlân;
- Do bist tusken de 18 en 27 jier;
- Do hast net genôch ynkommen of eigen fermogen om goed libje te kinnen;
- Do bist om in wichtige reden mei skoalle ophâlden;
- Do kinst gjin berop dwaan op in oare regeling of útkearing.
Mienskiplike húshâlding
Wennest tegearre mei dyn partner of hast in mienskiplike húshâlding? Dan telt it ynkommen en it eigen fermogen fan dy persoan mei yn de beoardieling. In mienskiplike húshâlding betsjut dat twa persoanen harren haadferbliuw hawwe yn itselde hûs. Sy soargje foar inoar troch bygelyks tegearre de kosten fan de húshâlding te dielen.
Kostedieler
Hast in húsgenoat mei wa'tst gjin mienskiplike húshâlding hast? Dan kin it wêze dat dy persoan meitelt as kostedieler. Dat kin fan ynfloed wêze op de hichte fan dyn útkearing. Mear ynformaasje oer de kostedielersnoarm fynst op de webside fan de Ryksoerheid.
Hoe wurket it?
Freegje in bystânsútkearing oan troch yn te loggen mei dyn DigiD op werk.nl.
- Folje de earste twa fragen yn;
- Omdatst jonger bist as 27 jier kinst net fierder op de webside;
- Foar dy telt in sykperioade fan 4 wike dêr'tst yn op syk giest nei wurk of in oplieding dêr'tst stúdzjefinansiering foar krije kinst;
- Dyn sykperioade giet yn nei dyn melding op werk.nl;
- Do krigest in brief fan ús dêr't yn útlein wurdt wat der fan dy ferwachte wurdt yn de sykperioade;
- Der wurdt in opliedingsadvys opfrege;
- Is de sykperioade ôfrûn, dan moatst binne 2 wike de útkearingsoanfraach fia werk.nl ôfrûnje.
Utsûndering sykperioade
Der is gjin sykperioade ast in yndikaasje Banenafspraak fan it UWW (BAB-yndikaasje) hast of ast spesjaal ûnderwiis (SO) of praktykûnderwiis (PRO) folge hast. Wy nimme kontakt op mei dy, dyn begelieder of dyn bewâldfierder en ynformearje dy dat der gjin sprake is fan in sykperioade. Do kinst de oanfraach dan fuortendaliks fierder ynfolje.
Binne jo of wurde jo ynkoarten dak- of thúsleas? Dat is hiel ferfelend. Faak bart dat troch problemen lykas skulden, te min jild om fêste lêsten betelje te kinnen, ferslaving, rûzje mei famyljeleden, in hierefterstân of troch iensumens. De organisaasje Wender kin jo helpe by it finen fan in oplossing. Elkenien fertsjinnet in feilich libben.
Bystânsútkearing by dak- of thúsleazens
Binne jo dak- of thúsleas en hawwe jo net genôch ynkommen of eigen fermogen om fan te libjen? Dan komme jo miskien yn 'e beneaming foar in bystânsútkearing. Jo hawwe dan wol in postadres nedich. Jo kinne in postadres oanfreegje by de gemeente. Jo moatte ek ynskreaun stean yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP).
Jo binne dak- of thúsleas as jo:
- Gjin adres hawwe;
- Gjin postadres hawwe;
- Tydlike (maatskiplike) opfang foar jo net kin.
Ek as jo yn ferskate gemeenten ferbliuwe, wurde jo as dakleas sjoen.
Hawwe jo in eigen bedriuw of selsstannich berop en slagget it jo tydlik net om rûn te kommen? Dan hawwe jo miskien rjocht op in bystânsútkearing foar selsstannigen, regeling Bbz 2004. Binnen dy regeling binne der ferskate mooglikheden. Dat is ôfhinklik fan jo situaasje.
As jo fóár 1 jannewaris 1965 berne binne en nei jo 50ste jier wurkleas wurden binne, hawwe jo miskien rjocht op in IOAW-útkearing.
Betingsten IOAW-útkearing
Jo komme yn 'e beneaming foar in IOAW-útkearing as jo:
- foar 1 jannewaris 1965 berne binne;
- net genôch ynkommen hawwe om fan te libjen. It ynkommen fan jo partner telt mei by it fêststellen fan de hichte fan jo ynkommen. De IOAW-útkearing follet nammentlik jo (húshâldings)ynkommen oan oant bystânsnivo. Jo sparjild of eigen hûs telle net mei.
Fierders moatte jo oan op syn minst ien fan de neikommende betingsten foldwaan:
- Jo binne nei jo 50ste jier wurkleas wurden, mar jo hawwe noch net de AOW-leeftiid berikt. Jo krigen langer as 3 moanne in WW-útkearing. En jo hawwe de folsleine WW-doer ferbrûkt.
- Jo hawwe nei jo 50ste jier rjocht krigen op in WGA-útkearing. Dy WGA-útkearing is ophâlden omdat jo foar minder as 35% arbeidsûngeskikt binne.
- Jo binne foar in part arbeidsûngeskikt (minder as 80%). En jo hiene op 28 desimber 2005, foar de komst fan de WIA, in IOAW-útkearing.
Foldogge jo oan de betingsten dan kinne jo fia werk.nl in IOAW-útkearing oanfreegje. Foar it oanfreegjen fan in IOAW-útkearing folgje jo deselde stappen as foar it oanfreegjen fan in bystânsútkearing. Nei ûntfangst fan jo oanfraach sil de konsulint Ynkommen fan de gemeente kontrolearje oft jo oan de betingsten foldogge en beslisse oft jo in IOAW-útkearing krije.
Gemeente Smellingerlân hat in tal sprekoeren.
Algemiene bystân
Hawwe jo gjin útkearing fan gemeente Smellingerlân?
Hawwe jo gjin útkearing fan gemeente Smellingerlân en hawwe jo (algemiene) fragen oer it oanfreegjen fan in bystânsútkearing? Dan kinne jo in ôfspraak mei de gemeente meitsje troch te beljen nei 0512 581 234. Jo wurde dan trochferbûn mei in konsulint Ynkommen dy't in ôfspraak mei jo ynplanne sil. It sprekoere is op moandei oant en mei freed fan 10.00-11.00 oere en fan 11.00-12.00 oere.
Hawwe jo in útkearing fan gemeente Smellingerlân?
Hawwe jo in útkearing fan gemeente Smellingerlân en hawwe jo fragen oer jo bystânsútkearing? Dan kinne jo telefoanysk kontakt opnimme mei jo konsulint Ynkommen troch te beljen nei 0512 581 234. Jo wurde dan trochferbûn mei jo konsulint Ynkommen. It telefoanysk sprekoere is fan moandei oant en mei freed fan 08.30 oant 12.00 oere.
Jo hawwe in oanfraach dien. Wat bart der no?
- Jo krije in ûntfangstbefêstiging oer de mail.
- Jo krije in brief. Yn dy brief stiet hokker stikken jo ynleverje moatte en hoe't jo dat dwaan kinne;
- Jo wurde troch ús útnûge foar in petear om yn 'e kunde te kommen.
Beoardieling oanfraach
De beoardieling fan jo útkearing wurdt dien troch in konsulint Ynkommen fan de gemeente. As jo in bystânsútkearing oanfreegje, wurdt der ek sjoen oft jo miskien (wer) oan it wurk kinne. Dat docht de konsulint Wurk fan de gemeente. Hy of sy kin by de oanfraach dêr mei jo kontakt oer opnimme.
By jo oanfraach sjogge of sprekke jo yn in koarte tiid ferskate meiwurkers (konsulinten) fan de gemeente. Neidat alle mooglikheden mei jo besprutsen binne en de beoardieling fan jo útkearing dien is, krije jo in fêste kontaktpersoan foar Ynkommen en in fêste kontaktpersoan foar Wurk. As jo fêste kontaktpersoan dochs feroaret, dan sille wy jo dêr oer ynformearje.
Wannear't de útkearing takend is, krije jo yn 2024 de útkearing op de neikommende data:
Moanne | Ynleverdatum ynkomsteformulier | Beteldatum |
---|---|---|
Jannewaris | 24 jannewaris | 2 febrewaris |
Febrewaris | 21 febrewaris | 1 maart |
Maart | 20 maart | 3 april |
April | 24 apri | 3 maaie |
Maaie | 22 maaie | 3 juny |
Juny | 19 juny | 3 july |
July | 24 july | 2 augustus |
Augustus | 21 augustus | 3 septimber |
Septimber | 18 septimber | 3 oktober |
Oktober | 23 oktober | 1 novimber |
Novimber | 20 novimber | 3 desimber |
Desimber | 11 desimber | 30 desimber |
Fakânsjejild
It fakânsjejild wurdt tagelyk mei de útkearing fan maaie útbetelle. De útbetelling dêrfan wie op 3 juny.
As jo in útkearing of ynkommen fan de gemeente krije, binne jo ferplichte om feroaringen yn jo persoanlike situaasje oan ús troch te jaan. Doch dat altyd sa gau mooglik. Yn alle gefallen binnen 7 wurkdagen nei de feroaring. Sa komme jo foar dat jo jild werombetelje moatte. Hawwe jo bewiisstikken? Stjoer dy dan mei yn de taheakke.
Digitaal feroaringen trochjaan
Wolle jo leaver skriftlik in feroaring trochjaan? Dat kin fia it wizigingsformulier (pdf 104kB). Jo kinne it formulier printsje of ophelje by de baly fan it gemeentehûs. Jo kinne it formulier mei alle taheakken ynleverje by de baly fan it gemeentehûs of opstjoere nei:
Antwurdnûmer 73, 9200 VB Drachten. Der hoecht gjin postsegel op de slúf.
Feroaring yn jo wen- en leefsituaasje
Jou it oan ús troch as der in partner, bern of in hierder by jo wenjen komt of as jo ferhúzje. En ek as jo tydlik earne oars ferbliuwe, bygelyks yn it sikehûs of yn de finzenis.
Feroaring yn ynkomsten
Jou feroaringen yn jo ynkommen of dat fan jo partner oan ús troch. Bygelyks as jo foar it earst lean krije of as jo lean ophâldt. Ek de weromjefte fan de Belestingtsjinst oer de perioade dêr't jo bystân yn krigen hawwe moatte jo oan ús trochjaan.
Feroaring yn fermogen (besittingen en skulden)
Feroaret jo fermogen? Bygelyks troch in erfenis, jefte, jildprizen mar ek belestingweromjeften en betellingen oer de perioade foardat jo bystân krigen. Dan moatte jo dat oan ús trochjaan. Lês mear ynformaasje oer wannear't jo jeften trochjaan moatte ûnder it kopke 'Jeften melde'.
In oar ferfiermiddel mei kenteken
As jo in oar ferfiermiddel mei kenteken hawwe, jou dat dan oan ús troch. Bygelyks auto's, motoaren, brommers, scooters, snorfytsen, campers, caravans, oanhingweinen. Ferfiermiddels âlder as 7 jier telle net mei, behalve as se in totale wearde hawwe fan mear as € 5.000. Lit it ús ek witte as jo regelmjittich in ferfiermiddel fan in oar brûke.
Ferbliuw bûtenlân of ferbliuw earne oars
Jou yn 't foar oan jo konsulint Ynkommen troch wannear't jo bygelyks:
- op in oar adres as jo wenadres ferbliuwe;
- (lange tiid) bûten de gemeente ferbliuwe en/of nei it bûtenlân geane.
Feroaring yn oplieding, staazje of wurk
Jou oan ús troch wannear't jo oan in oplieding, staazje of frijwilligerswurk begjinne. Of wannear't jo oplieding, staazje of frijwilligerswurk ophâldt. Jou ek oan ús troch wannear't jo ynwenjende mearderjierrige bern begjinne of ophâlde mei in oplieding.
Feroaring fan kontaktgegevens
Jou feroaringen fan jo kontaktgegevens oan ús troch. Bygelyks in oar bankrekkennûmer, e-mailadres of telefoannûmer.
Ophâlden útkearing en bysûndere bystân
Hawwe jo in baan fûn dêr't jo genôch mei fertsjinje? Of sille jo gearlibje mei ien dy't genôch ynkomsten hat? Jou dat digitaal of oan de hân fan it wizigingsformulier troch.
As jo fragen hawwe of twivelje oer wat jo wol of net trochjaan moatte, nim dan kontakt op mei jo konsulint Ynkommen.
As jo ynkomsten hawwe neist jo útkearing, dan folje wy jo ynkomsten oan. Wy wolle dan graach witte hoefolle ynkomsten jo krije. Sa kinne wy derfoar soargje dat jo it útkearingsbedrach krije dêr't jo rjocht op hawwe. Ek ynkomsten út bygelyks gokke of kryptojild moatte jo trochjaan.
Jo kinne jo moanlikse ynkomsten online (mei jo DigiD) trochjaan, fan 1 wike foar de ynleverdatum ôf, sjoch it oersjoch hjirûnder. Heakje ek fuortendaliks de bewiisstikken ta. Jo kinne no noch gjin ynkomsten trochjaan.
Bewiisstikken
In bewiis fan ynkomsten is in leanspesifikaasje. In bankôfskrift is dat net. Meitsje fan alle bewiisstikken in pdf-bestân en set dy fêst klear op jo kompjûter, foardat jo digitaal jo ynkomsten trochjouwe. In pdf-bestân kin net troch in oar feroare wurde. En it is dúdlik lêsber. As jo noch gjin leanstripe hawwe, mail dan in skatting fan it bedrach oan ynkomsten nei soza@smallingerland.nl. Set yn de mail it saaknûmer dat yn de ûntfangstbefêstiging stiet.
Gjin ynkomsten, wol trochjaan
Hawwe jo in moanne gjin ynkomsten? Folje dan ek it digitale ynkomsteformulier yn. Jou by de taljochting oan wat de reden is dat jo gjin ynkomsten hân hawwe.
Ynleverdata ynkomsteformulier 2024
Moanne | Ynleverdatum ynkomsteformulier | Beteldatum |
---|---|---|
Jannewaris | 24 jannewaris | 2 febrewaris |
Febrewaris | 21 febrewaris | 1 maart |
Maart | 20 maart | 3 april |
April | 24 april | 3 maaie |
Maaie | 22 maaie | 3 juny |
Juny | 19 juny | 3 july |
July | 24 july | 2 augustus |
Augustus | 21 augustus | 3 septimber |
Septimber | 18 septimber | 3 oktober |
Oktober | 23 oktober | 1 novimber |
Novimber | 20 novimber | 3 desimber |
Desimber | 11 desimber | 30 desimber |
Hawwe jo in bystânsútkearing? Dan meie jo oant €1.200 it kalinderjier oan jeften ûntfange foar libbensûnderhâld, sûnder dat dat gefolgen hat foar jo útkearing. It bedrach fan €1.200 jildt foar elk kalinderjier en it soarte fan húshâlding (allinnichsteand, allinnichsteande âlder of troud) makket net út. Is in jefte heger as €1.200, dan moatte jo dat wol trochjaan.
Wat binne jeften?
In jefte is in jildbedrach of de wearde fan dat wat jo krije. In jefte hoege jo net werom te beteljen, dy krije jo fan ien of fan in organisaasje.
Foarbylden fan jeften binne:
- In tas mei boadskippen;
- Jild om wat ekstra's mei te keapjen;
- In kuolkast, waskmasine, telefyzje of wat oars.
Gjin jeften binne:
- It winnen fan in priis yn in lotterij, dêr't jo in lot foar krigen hawwe;
- In boanus fan in wurkjouwer;
- Partner- en/of berne-alimintaasje;
- Erfenis;
- Frijwilligersfergoeding;
- Skeafergoeding;
- Yn jild te wurdearjen arbeid, bygelyks karweikes by oaren;
- Bedraggen dêr't jo net fan sjen litte kinne dat it in jefte is;
- In liening dy't jo ôflosse moatte.
Krije jo ien fan de hjirboppe neamde punten, jou dat dan oan ús troch. Krije jo wat oars dat net as foarbyld neamd is? Of twivelje jo oer wat jo wol of net trochjaan moatte? Nim dan kontakt op mei jo konsulint Ynkommen.
Goed om te witten
It giet hjir net om ynkommen lykas út wurksumheden. Ynkommen út wurksumheden moatte jo altyd melde. Jo kinne de feroaring digitaal trochjaan fia ûndersteande knop.
Digitaal feroaringen trochjaan
Wolle jo leaver skriftlik jo feroaring trochjaan? Dat kin fia it wizigingsformulier (pdf 104kB). Jo kinne it formulier printsje of ophelje by de baly fan it gemeentehûs. Jo kinne it formulier mei alle taheakken ynleverje by de baly fan it gemeentehûs of opstjoere nei: Antwurdnûmer 73, 9200 VB DRACHTEN. Der hoecht gjin postsegel op de slúf.
Jo kinne op ferskate plakken help krije wannear't jo finansjele fragen hawwe.
De biblioteek
Yn de biblioteek kinne jo terjochte mei fragen oer de digitale oerheid, it ynfoljen fan formulieren en it dwaan fan belestingoanjefte. Dêr organisearret de biblioteek ferskate sprekoeren en kursussen foar. De help fan de biblioteek is fergees. Mear ynformaasje dêroer kinne jo fine op de webside fan Bibliotheek Drachten.
Humanitas Thuisadministratie
Humanitas Thuisadministratie hâldt alle tiisdeitemoarnen fan 10.00 oant 12.00 oere in oanrinsprekoere foar ynwenners fan Smellingerlân mei in leech ynkommen. It oanrinsprekoere is fergees yn de Warme Huiskamer yn it gebou fan it Leger des Heils, oan de Stasjonswei 112 yn Drachten.
Jo kinne by it oanrinsprekoere terjochte mei al jo fragen oer ûntfongen formulieren of mei in fersyk om help by it oanfreegjen fan in útkearing, frijskatting, taslaggen ensfh. It is net nedich yn 't foar in ôfspraak te meitsjen.
Jildsaken
Team Jildsaken fan Carins helpt minsken mei allerhande saken oangeande jild. Team Jildsaken is der ek foar ynformaasje, advys, bemiddeljen en help by it oanfreegjen fan regelingen, helpmiddels, in tsjinst of soarch. Dat dogge sy mei ferskate oare organisaasjes op it mêd fan wolwêzen, earmoed en skulden. Mear ynformaasje oer Team Jildsaken fine jo op de webside fan Carins.
Sjoch wêr't jo rjocht op hawwe
As ynwenner fan ús gemeente kinne jo streekrjocht de taslaggen en regelingen oanfreegje dêr't jo rjocht op hawwe. Untdek it sels en anonym.
Wolle jo witte op hokker regelingen en taslaggen jo rjocht hawwe? Doch de check fia datgeldtvoormij.nl. Fia datgeldtvoormij.nl witte jo hokker taslaggen en/of regelingen der foar jo binne. Ek besjogge jo hjir fuortendaliks oft jo wol it bêst passende enerzjykontrakt en soarchfersekering hawwe. Sadwaande kinne jo alle jierren oant wol €600,- besparje. Mar miskien noch wol belangriker: der is wer rêst en oersjoch omdat de jildsaken op oarder binne.
Leaver in persoanlik petear? Fia datgeldtvoormij.nl kinne jo ek fergees in advyspetear oanfreegje. In meiwurker fan bygelyks M.O.S. Wegwijzers, Humanitas, Schuldhulpmaatje lit jo yn dat petear sjen wêr't jo rjocht op hawwe en hoe't jo jild besparje kinne. It petear is frijbliuwend, fergees en fertroulik. De gegevens wurde allinnich brûkt om te sjen wêr't jo rjocht op hawwe.