Finansjele help foar ûndernimmers

Hawwe jo in eigen bedriuw of selsstannich berop en hawwe jo skulden? Of meitsje jo jo soargen dat jo skulden krije en wolle jo dat foarkomme? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Jildsaken.

Oare help foar ûndernimmers

  • As ûndernimmer hâlde jo graach gryp op jo jild. By Geldfit fine jo alle tips, tools en ynformaasje dy't jo dêrby brûke kinne.
  • Stichting Ondernemersklankbord biedt stipe oan ûndernimmers út it midden- en lytsbedriuw. Dat kin advys wêze oan starters, of begelieding fan ûndernimmers dy't groeie, ynnovearje, reorganisearje of oerdrage wolle.

Bystân foar selsstannigen (Bbz)

Hawwe jo in eigen bedriuw of selsstannich berop en slagget it jo tydlik net mear om rûn te kommen? Dan kinne jo yn 'e beneaming komme foar in bystânsútkearing foar selsstannigen (Besluit bijstandsverlening zelfstandigen = Bbz). De regeling biedt ferskate mooglikheden, ôfhinklik fan jo situaasje.

Betingsten

  • Jo wenje yn de gemeente Smellingerlân.
  • Jo ûndernimming is fêstige yn Nederlân.
  • Jo binne 18 jier of âlder en noch net AOW-berjochtige.
  • Jo hawwe de Nederlânske nasjonaliteit of in jildige ferbliuwsfergunning.
  • Jo wurkje minimaal 1225 oere it jier foar jo eigen bedriuw (oerekritearium).
  • Jo hawwe sels de sizzenskip oer jo bedriuw en drage de finansjele risiko's.
  • Jo foldogge oan de wetlike easken dy't by it bedriuw hearre.
  • Jo (gesins)ynkommen is leger as de bystânsnoarm.

Dêrneist jilde der foar elke doelgroep spesifike betingsten. Yn ûndersteand útklapmenu kinne jo de betingsten en mooglikheden foar elke doelgroep fine.
 

Doelgroepen

1. Bbz foar fêstige ûndernimmers

Bestiet jo bedriuw op syn minst 1,5 jier en ûnderfine jo finansjele problemen troch tydlike omstannichheden? Tink bygelyks oan sykte of minne waarsomstannichheden, sadat jo jo wurksumheden net útfiere kinne. Dan komme jo mooglik yn 'e beneaming foar Bbz.

Mooglikheden 

  • Alle moannen in oanfoljende útkearing foar maksimaal 12 moanne oant bystânsnivo yn de foarm fan in rinteleaze liening of (foar in part) jefte. Dat is ôfhinklik fan it ynkommen yn it oanbelangjende boekjier en jo totale fermogen.
  • Bedriuwskapitaal is ûnder betingsten mooglik. Tink bygelyks oan it ûntstean fan skulden of in needsaaklike ynvestearring om fierder te kinnen mei it bedriuw en jo kinne dêr net foar terjochte by reguliere finansiers. It giet om in rintedragende liening mei in rintepersintaazje fan 8% rinte (2024). De liening is net bedoeld foar werfinansiering of net-needsaaklike ynvestearringen. 

Betingsten

  • De finansjele problemen binne fan tydlike aard. Jo bedriuw hat yn it ferline libbensfetber west en is op termyn ek wer libbensfetber. De gemeente docht dêr ûndersyk nei.
2. Bbz foar startende ûndernimmers

As startende ûndernimmer kinne jo mooglik yn 'e beneaming komme foar de Bbz-regeling. De gemeente kin jo ynkommen oanfolje oant bystânsnivo. Wy beoardielje jo ûndernimmerskapasiteiten en jo bedriuwsidee op helberens.

Mooglikheden

  • Alle moannen in oanfoljende útkearing foar maksimaal 36 moanne oant bystânsnivo yn de foarm fan in liening of (foar in part) jefte. Dat is ôfhinklik fan it ynkommen yn it oanbelangjende boekjier en jo totale fermogen.
  • Bedriuwskapitaal is ûnder betingsten mooglik. Dat is in rintedragende liening mei in rintepersintaazje fan 8% rinte (2024).

Betingsten

  • Jo hawwe foar de start fan jo bedriuw in bystânsútkearing (Partisipaasjewet), in útkearing fan it UWV ûntfongen of jo reitsje ynkoarten wurkleas.
  • Jo hawwe in ûndernimmingsplan.
3. Bbz foar beëinigjende ûndernimmers

As jo bedriuw net mear libbensfetber is of it is troch oare omstannichheden lykas sykte needsaaklik om mei jo bedriuw te stopjen, dan komme jo mooglik yn 'e beneaming foar Bbz.

Mooglikheden

  • Oanfoljende periodike útkearing oant bystânsnivo foar maksimaal in jier yn de foarm fan in rinteleaze liening of (foar in part) jefte. Dat is ôfhinklik fan it ynkommen yn it oanbelangjende boekjier en jo totale fermogen. Jo moatte wol jo bêst dwaan it bedriuw sa gau as mooglik te beëinigjen.
4. IOAZ-útkearing

Foar ûndernimmers fan 55 jier en âlder dy't stopje mei ûndernimmen. As jo net genôch ynkomsten hawwe út jo bedriuw, kinne jo yn 'e beneaming komme foar in IOAZ-útkearing. Belangryk: Oanfreegje foardat jo stopje mei it bedriuw.

Nim foar mear ynformaasje en/of in oanfraachformulier kontakt op mei de Bbz-konsulinten (Liesbeth Haga-Kok en Francien Hoogland) fia soza@smallingerland.nl of telefoanysk fia 0512 58 1234.