It gemeentehûs yn Drachten wurdt ferboud. Fan 1 septimber ôf is ús nije, tydlike besykadres: Reidingwei 6 (it âlde swimbad De Welle). Lês mear …
Wiken- en doarpenkoördinator
De wiken- en doarpenkoördinator hâldt yn 'e gaten wat der yn 'e wiken en doarpen fan Smellingerlân spilet. Mei bewenners en organisaasjes besjocht hy wat der nedich is om de wyk of it doarp te ferbetterjen.
Yn Smellingerlân wurkje twa wiken- en doarpenkoördinators. Wolle jo kontakt mei ien fan de wiken- en doarpenkoördinators, stjoer dan in e-mail nei gemeente@smallingerland.nl.
Buertbudzjet
Freegje it buertbudzjet oan as jo in plan hawwe dêr't de leefberens yn jo wyk, buert of doarp grutter fan wurdt.