Buertbudzjet oanfreegje

Hawwe jo in plan dêr't de leefberens yn jo wyk, buert of doarp grutter mei wurdt? Wykrieden, ferieningen fan doarpsbelang of ynwenners fan in wyk of doarp kinne by de gemeente in bydrage oanfreegje foar in foarsjenning of aktiviteit. Freegje foar 1 oktober it buertbudzjet foar 2024 oan om meinommen te wurden yn it lêste oanfraachrûntsje.

Buertbudzjet oanfreegje

Dit moatte jo witte

  • De foarsjenning of aktiviteit is rjochte op ferbetteringen yn 'e direkte wenomjouwing, is iepenbier tagonklik en berikt safolle mooglik ynwenners fan 'e wyk of it doarp.
  • Ynwenners hoege gjin lid te wêzen of net te beteljen om der gebrûk fan te meitsjen.
  • Jo betelje sels in part fan 'e kosten, bygelyks fia in sponsor of eigen wurksumens. De rjochtline dêrfoar is 20%. Foegje by de oanfraach in stappeplan en in begrutting ta.
  • Allinnich kosten dy't in direkt ferbân hâlde mei de foarsjenning of aktiviteit komme foar in bydrage fan 'e gemeente yn 'e beneaming.
  • Binne jo ynwenner? Foegje dan in hantekeningelist mei op syn minst 25 meistanners út de wyk of it doarp oan de oanfraach ta. En it is handich om de wykried of feriening fan doarpsbelang op 'e hichte te bringen.
  • It plan is binnen ien jier útfierd.
  • It plan is net yn striid mei it gemeentlik belied en is gjin ûnderdiel fan rinnende projekten of prosedueres.
  • De gemeente hat net earder al (negatyf) oer it plan besletten.
  • Foar elke wyk en elk doarp is in bedrach reservearre. Op is op.

In goede risping yn Sydwende

Benijd wat jo dwaan kinne mei it buertbudzjet? Lês hjir it persoanlike ferhaal fan Carry Spigt, dy't fruitbeammen plante mei tank oan it buertbudzjet.