Hûnelosringebiet
Hûnen meie losrinne yn gebieten dy't jo werkenne oan markearringspealtsjes: de saneamde losringebieten. Bûten dy gebieten moatte hûnen oan 'e rym sitte, oars rinne jo it risiko op in boete.
Is der yn jo doarp of wyk net in spesjaal losringebiet? Bûten de beboude kom mei jo hûn losrinne as de situaasje dat talit. Jo bliuwe hieltyd ferantwurdlik foar it gedrach fan jo hûn. Boarterstunen binne ferbean terrein foar hûnen.
Losringebieten
Gebiet | Omskriuwing |
---|---|
Fennepark | Paad by iisbaan lâns oant swimplak ta |
Vrijburgh | Fan bleatefuottepaad ôf by Wâldwei lâns oant Folgeralaan |
De Wiken | Fjild efter Siton-garaazje tusken Knobben, Grootzand, Kleinzand |
Fjild Merelhof, Langewyk tusken 3 brechjes | |
Fjild Noorderdwarsvaart t.o. Van den Belt tusken Langewyk en Stelpswyk | |
Kantoarepark | Stripe by de A7 lâns fan yngong Ureterpvallaat ôf oant fytsbrêge |
De Venen | Fjild om de fiver hinne oan De Beugel |
Noardeast | Fjild Schuttersveld / Tipelkamp (t.o. VSO Talryk) |
De Singels | Kuierpaad by de A7 lâns fan Sportlaan oant Karmelkleaster ta |
De Drait/De Trisken | De Dyk oan beide kanten |
Morra/Himsterhout | De Dyk oan beide kanten |
De Drait | Fjild Eems / Fivel / Tjonger |
Fjild Fluessen / Flevo | |
Maartenswouden/Park Suyderwijk | Braaklizzend terrein parallel oan Zuiderhogeweg |
De Swetten | Meardere gersfjildsjes tsjin 4-heech-flats oer oan Oud Ambacht |
Paradyske (tichtby boartersplakje) | |
De Folgeren | Kuierpaad en griene stripen om fiver hinne |
De Pein | Fjildsje neist doarpshûs oan de dr Siebengasingel |
De Houtigehage | Terrein om Blauwe Dobbe hinne |
De Weeme yn de wyk Noardeast | De Weeme, Noorderhof, Klokhuislaan en De Veertien Roeden |
Dit moatte jo witte
- Hûnestront opromje is ferplichte yn de beboude kom, ék yn losringebieten.
- Soargje dat jo altyd in pûdsje (en/of skepke) foar hûnestront by jo hawwe as jo jo hûn útlitte.
- Op in soad ôffalbakken sit in dispenser foar de fergeze reade oprompûdsjes.
- Binne de pûdsjes op of is de bak fol? Nim kontakt mei ús op.
- Hûnestront kinne jo kwyt yn de hûnestrontbakken of yn oare algemiene ôffalbakken.