Grienstrook keapje

As jo in stik gemeentegrûn keapje of hiere wolle dat oan jo wenning, tún of lân grinzet, dan moatte jo dat by de gemeente neifreegje.

Kosten

€ 80,- de m2. Alle fierdere kosten binne foar de keaper.

Snippergrien/reststrookjes

Snippergrien of reststrookjes binne stikken grûn dy't maksimaal 100 m2 grut binne. Dy grûn is net nedich foar it útoefenjen fan in gemeentlike taak en is mar beheind tsjinjend oan it iepenbier gebiet. Ek moat dy grûn direkt grinzje oan it kadastrale perseel fan de keaper.

Betingsten fan keapjen

  • Ferkeap fan snippergrien en restperselen bart allinnich oan eigeners fan neistlizzende perselen en mei gjin behindering foarmje foar wenningen op neistlizzende perselen.
  • Snippergrien en restperselen dy't ûnderdiel binne fan oanwiisde gebieten mei monumintale en byldbepalende beammen, wurde yn prinsipe net ferkocht. 
  • As restperselen ûnderdiel binne fan 'e grienbegelieding fan 'e trochgeande ynfrastruktuer en kuier- en fytsferbiningen, dan komme dy perselen yn prinsipe net yn 'e beneaming foar ferkeap.
  • Ferkeap fan snippergrien en restperselen mei net liede ta it fersnipperjen fan it iepenbier gebiet. Iepenbier gebiet moat berikber en te ûnderhâlden bliuwe.
  • Ferkeap fan snippergrien en restperselen mei net liede ta kantielefoarming. Mei oare wurden: de erfgrins moat in op inoar oanslutend gehiel bliuwe.
  • Ek wurdt der gjin grien ferkocht dat diel útmakket fan struktureel grien of as der in reële kâns is dat troch de ferkeap wetteroerlêst ûntstiet foar de rest fan de buert.
  • As yn it te ferkeapjen stik snippergrien of restperseel kabels en liedingen, nutsfoarsjenningen en/of riolearringen oanwêzich binne of op koarte ôfstân fan it te ferkeapjen restperseel lizze, wurdt yn prinsipe net oergien ta ferkeap fan de gemeentegrûn.
  • By oanwêzigens fan iepenbiere ferljochting of oar strjitmeubilêr wurdt yn prinsipe net oergien ta ferkeap fan it restperseel.
  • Ferkeap fan in restperseel mei net liede ta in sosjaal ûnfeilige situaasje. Tink oan begelieding fan kuier- en fytspaden troch hege sketten en/of hege beplanting. Idem by iepenbiere gebieten lâns.
  • Ferkeap fan in restperseel mei net liede ta ûnfeilige ferkearssituaasjes of ôfname fan iepenbiere parkearplakken en berikberens fan plysje en helptsjinsten.
  • In restperseel dat fan strategysk belang is foar eventuele takomstige gemeentlike ûntwikkeling komt net yn 'e beneaming foar ferkeap.
  • It kolleezje kin motivearre ôfwike fan it fêststelde belied.