Gemeentegrûn brûke

As jo gebrûk meitsje wolle fan gemeentegrûn, bygelyks om in boukontener of steiger del te setten, dan moatte jo dat minimaal 2 wike yn 't foar by ús oanfreegje. It is net tastien om sûnder tastimming wat del te setten.

Oanfraach

As jo in oanfraach dwaan wolle, dan kinne jo in mail stjoere nei gemeente@smallingerland.nl

Dy mail moat befetsje: 

  • jo namme, postkoade, húsnûmer, telefoannûmer;
  • de lokaasje;
  • hoelang't de kontener/steiger stean bliuwt;
  • in situaasjetekening wêr't de kontener/steiger delset wurdt;
  • in foto wêr't de kontener/steiger komt te stean.

Jo krije dêrnei in reaksje op dy mail oft it delsetten op gemeentegrûn yn jo gefal tastien is.

Kosten

Der binne gjin kosten oan ferbûn.

Gemeentegrûn

Under gemeentegrûn falle ek de iepenbiere dyk, parkearfakken, parkearplakken en de dykbermen.