De Brede Blik
Yn Smellingerlân komt in nij wenplan mei de namme De Brede Blik. Dat wenplan biedt in begelaat wenplak oan minsken dy't no tusken wâl en skip falle.
Wat hâldt wenplan De Brede Blik krekt yn?
Wenplan De Brede Blik biedt wenromte oan fiif minsken. Dy minsken hawwe op dit stuit muoite om binnen de reguliere wenoplossingen en soarch te wenjen en te libjen. It giet om minsken dy't no faak tusken wâl en skip falle. De Brede Blik biedst rêst en struktuer, sadat sy in stabyl libben opbouwe kinne. De gemeente wurket dêrfoar gear mei wenningkorporaasje Accolade en opfangorganisasje Wender.
Wêrom is dit wenplan nedich?
Guon minsken kinne net yn in reguliere strjitte wenje. Sy reitsje flugger oerprikele of fine it lestich om oan te sluten by wat der yn in buert fan bewenners ferwachte wurdt. Sadwaande kinne der situaasjes ûntstean dy't foar harrensels dreech binne of dy't yn 'e omjouwing as oerlêst ûnderfûn wurde. In rêstich wenplak lykas De Brede Blik, mei passende begelieding, helpt harren om sa selsstannich mooglik te wenjen.
Hoelang duorret dit wenplan?
Wenplan De Brede Blik wurdt realisearre foar op syn minst15 jier. Op syn minst ien kear yn 't jier wurdt it wenplan wiidweidich en soarchfâldich evaluearre. Op basis fan de útkomsten wurdt besletten of de wenienheden nei 15 jier stean bliuwe, ferpleatst wurde nei in oare lokaasje, of fuorthelle wurde. Direkte omwenners wurde belutsen by dy evaluaasje en it ferfolchproses.
Gearwurking
Wenplan De Brede Blik wurdt útfierd yn gearwurking mei:
- Wenningkorporaasje Accolade – Ferantwurdlik foar de bou fan de wenienheden
- Opfangorganisaasje Wender – Biedt begelieding oan de bewenners, sadat sy selsstannich wenje kinne mei de goede stipe
- Gemeente Smellingerlân – Koördinearret it wenplan en soarget foar ôfstimming mei omwenners en belutsen partijen
Ynformaasjegearkomsten
De gemeente organisearret fan juny ôf gearkomsten dêr't direkte omwenners fragen stelle kinne en mear details krije oer it wenplan. By dy gearkomsten kinne sy:
- Tekeningen en plannen besjen
- Yn petear gean mei it projektteam, wethâlders en fertsjintwurdigers fan Accolade en Wender
- Reaksjes en fragen efterlitte
Kontakt, meitinke en fragen stelle
Binne jo in direkte omwenner en hawwe jo fragen of soargen? Jo kinne kontakt mei ús opnimme fia telefoannûmer 0512-581 234 of mail nei gemeente@smallingerland.nl
Bliuw op 'e hichte
Wy hâlde jo op 'e hichte fia:
- Brieven foar direkte omwenners
- Dizze webside
- Lokale media
Fragen dy't in soad steld wurde
Hjir fine jo antwurden op fragen oer it wenplan en it ferfolchproses dy't in soad steld wurde. Hawwe jo in fraach dy't hjir net by stiet, lit it ús dan witte fia it kontaktfomulier.
Wat hâldt it wenplan De Brede Blik krekt yn?
Wenplan De Brede Blik biedt in begelaat wenplak oan fiif bewenners. It giet om minsken foar wa't de hjoeddeistige wen- en soarchmooglikheden net goed oanslute, wêrtroch sy soms tusken wâl en skip bedarje. Sy kinne bygelyks flugger oerprikele reitsje of fine it lestich om oan te sluten by wat yn in buert fan bewenners ferwachte wurdt. Dêrtroch kinne situaasjes ûntstean dy't foar harrensels dreech binne of dy't yn 'e omjouwing as oerlêst ûnderfûn wurde. In rêstich wenplak, mei passende begelieding, helpt harren om sa selsstannich mooglik te wenjen. De Brede Blik biedt rêst en struktuer, sadat sy in stabyl libben opbouwe kinne. De gemeente wurket dêrfoar gear mei wenningkorporaasje Accolade en opfangorganisaasje Wender.
Wêrom is dit wenplan nedich?
Guon minsken kinne net yn in reguliere strjitte wenje. Sy kinne bygelyks flugger oerprikele reitsje of fine it lestich om oan te sluten by wat der yn in buert fan bewenners ferwachte wurdt. Dêrtroch kinne situaasjes ûntstean dy't foar harrensels dreech binne of dy't yn 'e omjouwing as oerlêst ûnderfûn wurde. Sy hawwe begelieding nedich. De Brede Blik biedt in passend wenplak foar dy groep.
Hoelang duorret dit wenplan?
Wenplan De Brede Blik wurdt realisearre foar op syn minst 15 jier. Op syn minst ien kear yn 't jier wurdt it wenplan wiidweidich en soarchfâldich evaluearre. Op basis fan de útkomsten wurdt besletten of de wenienheden nei 15 jier stean bliuwe, ferpleatst wurde nei in oare lokaasje, of fuorthelle wurde. Direkte omwenners wurde belutsen by dy evaluaasje en it ferfolchproses.
Kin it wenplan earder beëinige wurde as it net goed giet?
Ja, as der grutte problemen binne of as it wenplan net wurket lykas bedoeld, kin de gemeente beslute om earder op te hâlden. Dat wurdt kontinu monitoard en besprutsen mei de belutsen partijen.
Wa is belutsen by dit wenplan?
Gemeente Smellingerlân wurket by wenplan De Brede Blik gear mei wenningkorporaasje Accolade en opfangorganisaasje Wender.
Gemeente Smellingerlân koördinearret it wenplan en soarget foar ôfstimming mei omwenners en belutsen partijen. Accolade is in wenningkorporaasje dy't binnen dit wenplan soarget foar de bou fan de wenienheden. Wender is in opfangorganisaasje dy't begelieding biedt oan de bewenners, sadat sy selsstannich wenje kinne mei de goede stipe. De begelieding soarget foar rêst, struktuer en help by deistige dingen. Wender is bekend mei dy doelgroep en wit hoe dêrmei om te gean.
Wa betellet it wenplan?
Wenplan De Brede Blik wurdt finansiere troch gemeente Smellingerlân en wenningkorporaasje Accolade. Wêr mooglik wurdt gebrûk makke fan subsydzjes.
Wêr komt De Brede Blik?
De lokaasje dêr't it wenplan komt is bepaald en troch it kolleezje fêststeld. De wenienheden komme oan it Suderein yn Drachten.
Wêrom is dy lokaasje keazen?
De lokaasje is troch it kolleezje fan B&W soarchfâldich keazen op basis fan ferskate kriteariums, lykas: ôfstân ta wenningen en bedriuwen, perseelsgrutte, ôfstân ta foarsjenningen en de romtlike ynpassing. Dy kriteariums binne keazen op basis fan ferlykbere projekten op oare plakken yn it lân.
Wêrom wurdt De Brede Blik yn ús gemeente útfierd?
Dit wenplan makket diel út fan in bredere oanpak yn hiel Fryslân. Minsken dy't no tusken wâl en skip falle binne der yn alle gemeenten, ek yn Smellingerlân. Elke gemeente hat de ferantwurdlikens om dy minsken in stabyl wenplak te bieden, sadat der bettere begelieding is en mooglike oerlêst foarkaam wurdt.
Dogge oare gemeenten ek wat foar dizze groep?
Ja, alle Fryske gemeenten wurkje oan oplossingen foar minsken dy't no tusken wâl en skip falle. Yn guon gemeenten yn Nederlân binne al ferlykbere wenplannen útfierd, lykas yn Hilversum en Assen, dy't goede resultaten sjen litte.
Hoe komme de nije wenienheden der út te sjen?
De wenienheden wurde lytse, frijsteande ienpersoansunits fan likernôch 30-50 kante meter. De units hawwe in eigen keuken, badkeamer en bûtenromte. De bou is robúst en ûnderhâldsfreonlik. Dêrneist wurdt de lokaasje foarsjoen fan genôch grien en ferljochting om privacy en feiligens te garandearjen.
Wa sille dêr wenje?
De bewenners binne minsken dy't no tusken wâl en skip falle. Sy hawwe begelieding nedich, mar foarmje net in gefaar foar harsels of oaren. Wender kiest mei oare soarchpartners wa't dêr wenje meie.
Hoefolle minsken komme dêr te wenjen?
Der komme fiif bewenners te wenjen yn selsstannige wenienheden. It giet dus om in lytsskalich wenplan wêrby't elkenien syn/har eigen wenning hat.
Wêrom is keazen foar fiif bewenners?
De bewenners hawwe rêst en begelieding nedich. Om dat goed biede te kinnen en eventuele oerlêst foar te kommen, is keazen foar in lytse groep. Dat makket it wenplan te behearskjen en oersichtlik.
Is der altyd begelieding op lokaasje?
Der is alle dagen begelieding oanwêzich. Yn 'e jûn en nacht is der net ien op lokaasje, mar der sil wol altyd ien telefoanysk berikber wêze en der is kameratafersjoch.
Meie minsken dêr samar wenje en wa bepaalt dat?
Nee, net elkenien kin dêr samar wenje. De bewenners wurde soarchfâldich selektearre troch opfangorganisaasje Wender en oare belutsen (soarch)partijen. Sy bepale wa't yn 'e beneaming komt op basis fan dúdlike kritearia, lykas it ferlet fan begelieding en de geskiktens om selsstannich te wenjen. En fansels moatte de bewenners ek passe yn 'e groep bewenners dy't der dan (al) is.
Binne dy minsken gefaarlik?
Nee, de bewenners binne net in gefaar foar harsels of oaren. Sy wenje ûnder begelieding om sa goed mooglik te funksjonearjen.
Betelje de bewenners hier?
Ja, de bewenners betelje in hierbedrach, ôfhinklik fan harren ynkommen en de makke ôfspraken. It giet dêrby om in lanlik fêststelde hierpriis (en wannear mooglik hiertaslach), sadat de bewenners selsstannich wenje kinne.
Wêr kin ik oer meitinke?
Dat it wenplan der komt en wêr't it komt, is al bepaald. De lokaasje stiet dus al fêst. Omwenners kinne meitinke oer de ynrjochting fan it terrein en hoe't wy mei-inoar it kontakt mei de buert goed hâlde kinne.
Hoe bliuw ik op 'e hichte?
Jo krije updates fia:
- Brieven dy't wy by jo thús besoargje (foar direkte omwenners)
- Ynformaasje op 'e webside fan 'e gemeente (www.smallingerland.nl/debredeblik)
- Berjochtjouwing yn 'e lokale krante
Wat is de planning?
- 11 juny 2026: Earste ynformaasjegearkomste foar direkte omwenners
- Ein juny of ein augustus/begjin septimber: Twadde gearkomste foar direkte omwenners(datum folget)
- Nei de simmer: Start fergunningstrajekt
- Nei fergunningstrajekt: Start fan de bou en ynrjochting. Bewenners ferhúzje nei harren nije wenning.
Hoe wurdt eventuele oerlêst foarkaam?
Der wurde maatregels naam om eventuele oerlêst foar te kommen. Tink dêrby oan:
- Dei en nacht telefoanyske berikberens foar buertbewenners.
- Der is alle dagen begelieding oanwêzich.
- It plak kriget goede ferljochting.
- Kameratafersjoch.
Wat kin ik dwaan by oerlêst?
Mocht der sprake wêze fan oerlêst, dan is it goed as jo dat fuortendaliks melde kinne. Wy soargje dat der in spesjaal meldpunt komt dat 24/7 berikber is, fan it stuit ôf dat de earste bewenners dêr komme te wenjen. De kontaktgegevens folgje op in letter momint.
Kin ik beswier meitsje?
Ja, dat kin. Der wurdt in fergunningstrajekt opstart en fia dy rûte kinne eventuele sjenswizen of beswieren yntsjinne wurde.
Hoe wurdt de feiligens boarge?
De lokaasje is rêstich en leit op ôfstân fan oare huzen en bedriuwen. It plak wurdt sa ynrjochte dat elkenien him dêr feilich fiele kin, mei goede ferljochting, grien en in dúdlike ôfbeakening. De bewenners krije begelieding fan Wender. As it nedich is, wurdt der ekstra tafersjoch regele. Ek hâlde wy tegearre mei de buert yn 'e gaten oft alles goed gean bliuwt.
Troch in yntegrale oanpak mei in yntinsive gearwurking tusken gemeente, Wender, Accolade, omwenners, plysje en hanthavening dogge wy der alles oan om in feilich wenplak foar dizze minsken te kreëarjen en te behâlden.
Binne der ferlykbere wenplannen yn Nederlân?
Ja, der binne ferlykbere wenplannen yn Nederlân, lykas yn Hilversum. Dêr giet it ek om lytsskalige wenfoarmen foar minsken dy't no tusken wâl en skip falle. De ûnderfiningen litte sjen dat dy oanpak goed wurket om bewenners rêst en stabiliteit te bieden, om de stap fan oerlibjen nei libjen te meitsjen.
Wêrom is it yn Hilversum suksesfol?
It wurket yn Hilversum goed omdat it lyts opset is en de bewenners goede begelieding krije. Der is dúdlik kontakt mei de buert en der wurdt soarge foar in rêstige en feilige omjouwing. Sawol de bewenners as de minsken en bedriuwen yn 'e buert binne tefreden.
Hoe reagearje omwenners yn oare stêden?
Yn it begjin sitte omwenners faak yn noed oer feiligens en mooglike oerlêst. Troch soarchfâldige en iepen kommunikaasje, it belûken fan 'e buert en it nimmen fan dúdlike maatregels, lykas tafersjoch en meldpunten, binne de measte soargen weinaam. Ut evaluaasjes docht bliken dat der amper of gjin oerlêst west hat nei de start.
Wa kin ik oansprekke by fragen of soargen?
De kommende tiid kinne jo foar fragen kontakt opnimme mei it Klant Contact Centrum (KCC) fan gemeente Smellingerlân, telefoan 0512-581 234 of gemeente@smallingerland.nl
Wêr kin ik mear ynformaasje fine?
Jo kinne op de gemeentlike webside sjen (www.smallingerland.nl/debredeblik) of kontakt opnimme mei it Klant Contact Centrum (KCC) fan gemeente Smellingerlân, telefoan 0512-581 234.