Briefadres oanfreegje
As jo gjin fêst wenadres yn Nederlân hawwe, kinne jo jo tydlik ynskriuwe op it adres fan in oar of fan in ynstelling. Dat hjit in briefadres. Op dat adres krije jo dan tenei jo post. In briefadres freegje jo oan by de gemeente.
Briefadresjouwer
In briefadres is altyd in adres yn Nederlân en mei gjin postbus wêze. De persoan of ynstelling dy't ynskreaun stiet op it briefadres, neame wy de briefadresjouwer. De briefadresjouwer soarget derfoar dat jo jo post krije. Bygelyks belestingformulieren, in stimpas of daging. In tydlik útfanhuzersadres en in adres op in fakânsjepark binne ek wenadressen. Ferbliuwe jo op sa'n tydlik adres, soargje der dan foar dat jo jo dêr ynskriuwe.
Betingsten foar oanfreegjen briefadres
- Jo wenje yn in soarchynstelling, finzenis of in bliuw-fan-my-ôfhûs.
- Jo wurkje op in farrend skip mei in thúshaven yn Nederlân.
- Jo hawwe in reizgjend berop, wêrtroch jo gjin wenadres hawwe.
- Jo sille tydlik nei it bûtenlân en wolle in adres yn Nederlân hâlde. Dat kin allinnich as jo koarter as 8 moanne fuortgean. Sille jo langer as 8 moanne nei it bûtenlân, jou jo emigraasje dan troch oan de gemeente yn de lêste wike fóár de fertrekdatum.
Oanfreegje op gemeentehûs
Slagget it net om online in oanfraach te dwaan? Dan kinne jo op ôfspraak op it gemeentehûs komme.
Jo moatte dan it neikommende meinimme:
- jo jildich identiteitsbewiis.
- in kopy fan it jildich identiteitsbewiis fan de haadbewenner fan it briefadres.
- kom tegearre mei de haadbewenner oan de baly om de oanfraachformulieren foar it briefadres yn te foljen.