Registraasje pgb-oanbieders Wmo
Wolle jo of jo organisaasje maatskiplike stipe biede oan (in) ynwenner(s) fan de gemeente Smellingerlân?
Betingsten
Organisaasjes en selsstannige soarchoanbieders moatte derfoar soargje dat de levere stipe feilich, doelmjittich en op 'e kliïnt rjochte is. Fierders moatte kalamiteiten fuortendaliks meld wurde en moatte der protokollen wêze, lykas in klachteprotokol. De Wmo stelt ek easken oan it personiel dat ynset wurdt. Sa moat elke organisaasje en selsstannige soarchoanbieder ûnder mear foldwaan oan de minimale opliedingseasken en yn it besit wêze fan in jildige Ferklearring Omtrint Gedrach (yn it Nederlânsk: VOG). Gemeente Smellingerlân is ferantwurdlik foar it hoedzjen fan de kwaliteit fan dy stipe.
Hoe hifkje wy de kwaliteit fan soarchoanbieders?
Foardat jo oan in ynwenner fan de gemeente Smellingerlân stipe út de Wmo wei biede meie, moatte jo sjen litte dat jo foldogge oan de kwaliteitseasken dy't gemeente Smellingerlân stelt. Kontraktearre soarchoanbieders litte dat mei dokuminten sjen foar it begjin fan in oerienkomst. Soarchoanbieders dy't formele stipe biede dy't ynkocht wurdt mei in pgb, registrearje harren earst troch it ynfoljen fan in fragelist. In pgb kin allinnich takend wurde as de oanbieder oan de kwaliteitseasken foldocht.
Wêr bestiet de fragelist út?
De fragen yn dizze fragelist komme oerien mei de kwaliteitseasken fan gemeente Smellingerlân dy't beskreaun binne yn it Toetsingskader Wmo gemeente Smallingerland. Neist de kwaliteitseasken befettet de fragelist ek fragen om mei jo as oanbieder fan Wmo-stipe yn 'e kunde te kommen. De fragelist bestiet út fragen dy't opdield binne yn ferskate haadstikken. By guon fragen wurdt ferwiisd nei de taheakke op de lêste siden. Yn dy taheakke fine jo in ekstra taljochting op brûkte begripen yn de fragen.
Registraasje pgb-oanbieder foar húshâldlike help (DigiD)
Registraasje pgb-oanbieder oare soarchoanbieders (DigiD)
Wat bart der neidat de fragelist ynfolle is?
Jo antwurden wurde troch de tafersjochhâlder Wmo hifke oan 'e hân fan de easken yn ús Toetsingskader. Jo krije berjocht fan de tafersjochhâlder oft jo wol of net foldogge oan de easken dy't gemeente Smellingerlân stelt oan formele soarchoanbieders dy't soarch jouwe út in pgb wei. In pgb kin allinnich takend wurde as jo foldogge oan de kwaliteitseasken. Foldogge jo net oan de kwaliteitseasken, dan wurdt it pgb net jûn. De ynwenner kin dan kieze foar in oare pgb-oanbieder of foar soarch yn natuera.
Hawwe jo fragen oer de registraasje?
Nim dan kontakt op mei gemeente Smellingerlân fia telefoannûmer 0512 581 234 of stjoer in mail nei gemeente@smallingerland.nl.