Bedriuw starte

By it starten fan in eigen ûndernimming komt in soad sjen. Gelokkich stiet op de webside fan de Keamer fan Keaphannel wiidweidige ynformaasje oer wêr't jo allegear oan tinke moatte. Ek op de webside fan Founded in Friesland kinne jo in soad ynformaasje fine.

Accountmanager startende ûndernimmers

Hawwe jo noch fragen? Us accountmanager helpt jo graach op wei:

Bedriuw oan hûs starte

Wannear kinne jo starte sûnder fergunning?

  • Jo bedriuw nimt maksimaal 50 m2 yn beslach.
  • Jo bedriuw nimt maksimaal 30% fan it totale flieroerflak fan de begeane grûn fan de bebouwing op jo perseel yn beslach.
  • Jo ferkeapje gjin guod dat earne oars makke wurdt.
  • Jo hawwe gjin personiel yn tsjinst.
  • Omwenners hawwe net in ûnevenredich soad lêst fan jo bedriuw.
  • Jo bedriuw liedt net ta ferkears- en parkearoerlêst.
  • Jo bedriuw oan hûs fiert gjin aktiviteiten út dêr't in melding of fergunning foar nedich is. Jo kinne dat toetse yn de Activiteitenbesluit Internet Module (AIM).

Foldocht jo bedriuw oan hûs net oan dy betingsten? Freegje dan in foarriedige beoardieling fan jo plan oan.