Ynkomsten trochjaan by útkearing

As jo ynkomsten hawwe neist jo bystânsútkearing, dan folje wy jo ynkomsten oan. Wy wolle dan graach witte hoefolle ynkomsten jo krije. Sa kinne wy derfoar soargje dat jo it útkearingsbedrach krije dêr't jo rjocht op hawwe. Jo kinne jo ynkomsten alle moannen online (mei jo DigiD) trochjaan, fan 1 wike foar de ynleverdatum ôf. Foegje ek fuortendaliks de bewiisstikken ta.

Digitaal ynkomsten trochjaan

Bewiisstikken 

In bewiis fan ynkomsten is in leanspesifikaasje. In bankôfskrift is dat net. Set alle bewiisstikken yn pdf fêst klear op jo kompjûter, foardat jo digitaal jo ynkomsten trochjouwe. In pdf-bestân kin net feroare wurde troch in oar. En it is dúdlik lêsber. As jo noch gjin leanstrookje hawwe, mail dan it skatte bedrach oan ynkomsten nei soza@smallingerland.nl. Set yn de e-mail it saaknûmer dat yn de ûntfangstbefêstiging stiet.

Gjin ynkomsten, wol trochjaan

Hawwe jo in moanne gjin ynkomsten? Folje dan ek it digitale ynkomsteformulier yn. Neam by de taljochting wat de reden is dat jo gjin ynkomsten hân hawwe.

Utbeteldata útkearing 2024

 
Moanne Beteldatum     Ynleverdatum ynkomsten
Jannewaris     31 jannewaris  24 jannewaris
Febrewaris     28 febrewaris     21 febrewaris    
Maart 27 maart 20 maart
April 30 april 24 april
Maaie     29 maaie     22 maaie   
Juny 26 juny 19 juny
July 31 july 24 july
Augustus 28 augustus 21 augustus
Septimber 25 septimber 18 septimber
Oktober 30 oktober 23 oktober
Novimber 27 novimber 20 novimber
Desimber 18 desimber 11 desimber