Mobiliteitsmooglikheden gemeente Smellingerlân

It meidwaan oan in aktiviteit, it bringen fan in besite oan freonen of it dwaan fan boadskippen: it is belangryk en sinfol om dat sa lang mooglik selsstannich dwaan te bliuwen. As dat net mear slagget, biedt ûndersteand oanbod miskien in oplossing.

Op dizze pagina fine jo ynformaasje oer:

  • foar wa't it ferfiersoanbod bestimd is;
  • wannear't der gebrûk fan makke wurde kin; 
  • wat de kosten binne en hoe't jo dat betelje;
  • in telefoannûmer foar fragen en/of wêr't jo it ferfier reservearje kinne.

Max Mobiel

Telefoan: 0512 - 515 598

  • Foar elkenien dy't gjin eigen ferfier hat. 
  • It giet om ritsjes yn Drachten. 
  • Rydt fan moandei oant en mei freed tusken 9.00 en 12.00 oere en tusken 13.00 en 17.00 oere. 
  • € 1,00 de rit, kontant betelje.
  • Reservearje: belje 0512-515 598. Doch dat op syn minst 1 dei yn 't foar. Belje kin fan moandei oant en mei freed tusken 9.00 en 11.00 oere.
  • Max Mobiel biedt gjin ferfiersgarânsje. Troch ûnferwachtse omstannichheden kin it foarkomme dat in (reservearre) rit net riden wurde kin. 

ANWB AutoMaatje

Telefoan: 0512 - 511 859

  • Foar elk dy't minder mobyl is en gjin eigen ferfier hat.
  • Rydt 7 dagen yn 'e wike, as der in frijwilliger beskikber is.
  • € 0,35 de kilometer, kontant betelje.
  • Reservearje: belje 0512-511 859. Doch dat op syn minst 2 dagen foar de rit. Belje kin fan moandei oant en mei tongersdei tusken 9.00 en 11.00 oere. Jo hearre dan daliks hoefolle de rit kostje sil.

Dielauto De Trisken

Telefoan: 06 - 81 40 02 10

  • Foar wykbewenners fan De Trisken. It giet om ritten yn de gemeente Smellingerlân.
  • Rydt fan moandei oant en mei freed fan 8.30 oant 17.30 oere.
  • € 1,50 de rit, kontant betelje.
  • Reservearje: belje 06 - 81 40 02 10. Belje kin fan moandei oant en mei freed tusken 8.30 en 17.30 oere. 

Flexitax

Telefoan: 0900 - 580 05 80

  • Foar elk dy't yn Fryslân wennet.
  • It giet om ritten yn Fryslân.
  • Rydt alle dagen fan 6.00 oant 24.00 oere.
  • € 7,50 foar de ynstapsône + € 7,50 foar elke iepenbier-ferfiersône.
  • As der meardere persoanen meireizgje en op itselde adres yn- en útstappe, dan jildt foar dy meireizgers in ynstaptaryf fan € 0,70 en € 0,70 de sône. Tink derom: rolstoelbrûkers betelje ien iepenbier-ferfiersône ekstra.
  • Reservearje: belje 0900 - 580 05 80. Doch dat op syn minst 1 oere foar de rit. Jo hearre dan daliks hoefolle de rit kostje sil.

Zonnebloem-auto

Telefoan: 088 - 001 67 17

  • Tink derom: as jo gjin Zonnebloem-registraasjenûmer hawwe, kinne jo gjin Zonnebloem-auto hiere. Dat kostet ien kear € 10,00 en dat regelje jo fia de webside fan De Zonnebloem .
  • Foar persoanen dy't in oanpaste auto hiere wolle, omdat se ôfhinklik binne fan in rolstoel of scootmobyl. It giet om ritten yn en bûten Fryslân.
  • Gjin bestjoerder? Freegje in frijwillige sjauffeur oan.
  • € 45,00 foar in dei. Jo kinne dan 100 kilometer ride. Dêrnei kostet elke kilometer mear € 0,20 ekstra.
  • Kosten foar benzine of it elektrysk opladen binne foar eigen rekken.
  • Altyd beskikber, mar jo moatte wol reservearje: belje 088 - 001 67 17 of reservearje fia welzorg.nl.

Iepenbier ferfier

Telefoan: 0800 - 280 28 03

Kinne jo gebrûk meitsje fan it iepenbier ferfier? Mar is der gjin bushalte yn 'e omkriten? Belje Arriva: 0800 - 280 28 03 (fergees). Sy fertelle jo mear oer de mooglikheden fan de Opstapper en de Belbus. De tsjinstregeling fan de Belbus fine jo ek fia de webside 9292.nl of fia de 9292-app.

M.O.S. Wegwijzers

Telefoan: 0512  - 334 112

Hawwe jo noch fragen? Wolle jo dizze ynformaasje graach tegearre mei ien trochnimme? Of hawwe jo help nedich by it finen fan de goede fierfiersmooglikheid? Belje dan mei Maatschappelijke Onderneming Smallingerland (M.O.S.) op telefoannûmer 0512  - 334 112.

Carins

Telefoan: 088 - 506 54 00

Carins besprekt fierdere mooglikheden mei jo as der foar jo net in geskikte ferfiersoplossing by sit. Of as jo troch medyske beheiningen net (mear) selsstannich reizgje kinne.

Disclaimer

Wy dogge ús uterste bêst om goede ynformaasje te jaan. Steane der dochs dingen yn dy't net klopje? Dan is gemeente Smellingerlân dêr net oanspraaklik foar. Oan de ynhâld fan dizze pagina kinne jo gjin rjochten ûntliene. Lêst bywurke op 13 juny 2023.