Mantelsoarch
Soargje jo ûnbetelle foar ien dy't groanysk siik of handicapt is of ferlet hat fan help? Dan binne jo mantelsoarger.
Gemeente Smellingerlân wol mantelsoargers graach kennen leare, want mantelsoargers binne weardefol. Jo kinne fia gemeente@smallingerland.nl oan ús bekend meitsje dat jo mantelsoarger binne.*
As blyk fan wurdearring krije jo dan de MeiJo-pas. Mei dy pas krije jo koarting op aktiviteiten en gemakstsjinsten.
Ek kinne wy jo dan spesifyk útnûgje foar aktiviteiten lykas de jierlikse Dei fan de Mantelsoarch. Miskien komme jo ek yn 'e beneaming foar in mantelsoarchkomplimint. Dat is in bedrach foar jo as mantelsoarger kontant op jo bankrekken of in MeiJo-voucher.
- Hawwe jo ferlet fan stipe by it jaan fan mantelsoarch? Of meitsje jo jo soargen om ien yn jo fermidden dy't in soad soarget foar in oar? Nim dan kontakt op mei Carins.
- Lês mear oer mantelsoarch.
* Ynkoarten fine jo op dit plak in oanmeldformulier foar mantelsoargers.