Learlingeferfier oanfreegje

As jo bern nei spesjaal ûnderwiis giet of de skoalle net tichtby hûs leit, kinne jo learlingeferfier oanfreegje. Folje it oanfraachformulier yn troch yn te loggen mei DigiD.

Learlingeferfier oanfreegje

Mocht it oanfreegjen fan learlingeferfier net slagje mei jo eigen DigiD, dan kinne jo in mail stjoere nei gemeente@smallingerland.nl. Dêrnei stjoere wy jo it oanfraachformulier mei de post ta.

Betingsten

Jo komme yn 'e beneaming foar de fergoeding fan reiskosten as de ôfstân nei de tichtstby tagonklike skoalle mear is as

  • 6 kilometer foar basisûnderwiis (PO)
  • 3 kilometer foar spesjaal basisûnderwiis (SBO)
  • 2 kilometer foar spesjaal ûnderwiis (SO)

Kosten

  • It bern giet nei it (fuortset) spesjaal ûnderwiis: gjin eigen bydrage.
  • It bern giet nei it basisûnderwiis of nei it spesjaal basisûnderwiis en it korrizjearre sammelynkommen fan beide âlden leit ûnder de noarm: gjin eigen bydrage.
  • Oars betelje jo in eigen bydrage foar maksimaal 2 bern yn in húshâlding.
  • Is it bern jonger as 9 jier? It bern mei altyd gebrûk meitsje fan taksyferfier. Bringe en helje jo it bern sels? Jo krije in kilometerfergoeding.
  • Is it bern 9 jaar of âlder? It bern kin allinnich op advys fan de skoalle gebrûk meitsje fan taksyferfier. Bringe en helje jo it bern sels? Jo krije in fergoeding op basis fan in jierkaart foar it iepenbier ferfier. Hawwe jo mear bern dy’t rjocht hawwe op learlingeferfier? Jo krije in kilometerfergoeding.
  • Giet it bern op de fyts of bromfyts? Jo krije in fyts- of bromfytsfergoeding.

Dit moatte jo witte

  • Learlingeferfier freegje jo oan by de gemeente dêr’t it bern langere tiid ferbliuwt. Dat kin in oare gemeente wêze as wêr’t it bern ynskreaun stiet.
  • Der wurdt gjin fergoeding mei weromwurkjende krêft betelle.
  • Begelieding is primêr in taak fan de âlden. Sy moatte dat sels regelje.
  • Learlingeferfier is allinnich ferfier fan wenning nei skoalle ta en werom.
  • By ko-âlderskip tsjinje beide âlden in oanfraach yn foar learlingeferfier by de gemeente dêr’t sy ynskreaun steane.
  • Stel de koartste rûte fêst yn de ANWB-rûteplanner.
  • In learling yn it (fuortset) spesjaal ûnderwiis dy’t yn in ynternaat of pleechhúshâlding ferbliuwt kin yn oanmerking komme foar wykein- en fakânsjeferfier.
  • In learling dy’t langere tiid earne oars ferbliuwt fanwegen medyske redenen en dêr ek nei skoalle ta giet, komt net yn oanmerking foar wykein- en/of fakânsjeferfier.

Wetten en regels

Lês de gearfetting fan de Feroardering bekostiging learlingeferfier gemeente Smellingerlân.