Parkearynformaasje

Yn Drachten binne 3 gebieten dêr't jo net sûnder beheiningen frij parkearje meie:

  1. It gebiet dêr't betelle parkearjen jildt. Jo kinne dêr op it plak sels betelje. 
    • Parkeargaraazjes Raadhuisplein en Van Knobelsdorffplein
    • Parkearterreinen Sander Israëlsplein, Vogelzang, De Markt en Kiryat Onoplein
    • Lokaasjes mei parkearautomaten
  2. Blauwe sônes dêr't jo 3 oeren fergees parkearje kinne mei de blauwe parkearskiif. 
    • Moleneind
  3. Fergunningssônes  dêr't parkearjen allinnich mei in fergunning mei.

Kaart mei alle gebieten

Fergees parkearje

Jo kinne fergees parkearje op de neikommende lokaasjes:

  • parkearstripen by de Leerlooiersstrjitte en Moleneind NZ (by Dunlop)
  • parkearterrein oan de Nachtegaalstrjitte
  • parkearterrein VV Drachten
  • De Singel
  • Oliemolenstrjitte
  • De Opgang

Parkeargaraazjes

 
Dei Iepeningstiden
Moandei o/m freed  6.30 oant 22.00 oere
Sneons     7.00 oant 22.00 oere
Sneins en op feestdagen   10.00 oant 18.00 oere

Utride kin 24 oeren deis, 7 dagen yn 'e wike. Abonneminthâlders kinne altyd gebrûk meitsje fan de parkeargaraazje.

Kosten parkearje sintrum

 
Taryf of fergunning Kosten
Oeretaryf (sawol bûten as yn de parkeargaraazjes)  € 2,00
Deitaryf parkeargaraazjes € 4,00
Deitaryf terreinen De Markt, De Vogelzang, Kiryat Onoplein en it Sander Israëlsplein € 8,00

Parkearloket

Fia it Digitaal Parkearloket regelje jo online jo parkearsaken lykas it oanfreegjen en ferlingjen fan in parkearfergunning of it trochjaan fan in oar kenteken fan jo auto. Foar de tagong ta it Digitaal Parkearloket hawwe jo DigiD nedich. Bedriuwen kinne ynlogge mei eHerkenning. It ôfrekkenjen fan parkearfergunningen en -ûntheffingen ferrint fia iDEAL.

Digitaal Parkearloket