Parkearplak foar handicapten oanfreegje
Freegje in handicapteparkearplak oan as jo net in eigen parkearplak by jo wenning hawwe en minder as 100 meter selsstannich rinne kinne. Jo moatte earst in handicapteparkearkaart oanfreegje, foardat jo yn 'e beneaming komme foar in handicapteparkearplak.
Betingsten
- Jo hawwe in handicapteparkearkaart dy't noch minimaal 6 moanne jildich is.
- Jo moatte in auto hawwe en it kenteken moat op jo namme of dy fan jo húsgenoat stean.
- Jo hawwe gjin eigen parkearromte by jo wenning, lykas in garaazje of oprit.
- Yn de direkte omjouwing fan jo wenning is gjin iepenbiere parkearromte beskikber.
Kosten
De kosten foar it oanlizzen fan in handicapteparkearplak binne foar eigen rekken. De rjochtpriis dêrfoar is € 370,-. Nei oanfraach fan in handicapteparkearplak op kenteken krije jo in situaasjeskets mei priisopjefte. De kosten fan de oanlis betelje jo ien kear.