Parkearkaart foar handicapten
Kinne jo troch lichaamlike beheiningen net fierder as 100 meter selsstannich rinne mei helpmiddels, lykas in stôk of krukken? Dan kinne jo in handicapteparkearkaart oanfreegje by de gemeente.
Meitsje in ôfspraak foar it oanfreegjen fan in handicapteparkearkaart. By de ôfspraak leit de meiwurker de betingsten út.
Meinimme nei de ôfspraak
- Identiteitsbewiis (paspoart, identiteitskaart of rydbewiis)
- 1 pasfoto
- Foar in bestjoerderskaart: rydbewiis
Soarten handicapteparkearkaarten
Der binne 4 soarten handicapteparkearkaarten. Jou by jo oanfraach troch watfoar kaart jo oanfreegje wolle.
Bestjoerderskaart
Dizze kaart freegje jo oan as jo in beheining hawwe en sels jo ferfiermiddel mei mear as twa tsjillen bestjoere (bygelyks in auto). Jo kinne net fierder as 100 meter rinne, ek net mei in helpmiddel lykas in stôk of rollator. Dat is al op syn minst 6 moanne sa. Ek binne jo kontinu ôfhinklik fan de bestjoerder, sadat jo bygelyks ek net selsstannich wachtsje kinne.
De parkearkaart is oan 'e persoan bûn. Dat betsjut dat allinnich jo de kaart brûke meie. Jo kinne de kaart yn elk ferfiermiddel brûke.
Passazjierskaart
Dizze kaart freegje jo oan as jo troch in beheining in oar nedich hawwe as bestjoerder. Jo kinne net fierder as 100 meter rinne, ek net mei in helpmiddel lykas in stôk of rollator. Dat is al op syn minst 6 moanne sa. Ek binne jo kontinu ôfhinklik fan de bestjoerder, sadat jo bygelyks ek net selsstannich wachtsje kinne.
In passazjierskaart is oan 'e persoan bûn. Dat betsjut dat allinnich jo de kaart brûke meie. Jo kinne de kaart yn elk ferfiermiddel brûke. Dat ferfiermiddel mei op jo kaart op in algemien handicapteparkearplak parkearje.
Kombinaasjekaart
Dizze kaart freegje jo oan as jo bliuwend in rolstoel en/of in oare slimme lichaamlike beheining hawwe, sadat rinnen dreech is. De kombinaasjekaart wurdt yn útsûnderingsgefallen ôfjûn.
Ynstellingsparkearkaart
Dizze kaart freegje jo oan as jo yn in ynstelling wenje, en yn 'e beneaming komme foar in parkearkaart. Jo ynstelling moat de kaart oanfreegje.
Medyske keuring
Foar in handicapteparkearkaart moatte jo medysk keurd wurde. By in medysk ûndersyk stelt in keuringsarts fêst oft jo oan de betingsten foar in handicapteparkearkaart foldogge. De medyske keuring freegje wy foar jo oan as jo de handicapteparkearkaart by ús oanfreegje. De keuring betelje jo altyd, ek as wy jo oanfraach nei de keuring ôfwize.
Kosten
| Soart kaart | Kosten kaart |
|---|---|
| Handicapteparkearkaart bestjoerder, passazjier, kombinaasje en ynstelling | € 46,- |
| Medyske keuring | € 153,- |
| Handicapteparkearkaart ferlern of stellen - ferfange | € 46,- |
Hoe wurket it
As jo in handicapteparkearkaart hawwe en it sintrum besykje, kinne jo maksimaal 3 oeren fergees parkearje. Lis dan jo handicapteparkearkaart en in blauwe parkearskiif sichtber efter jo foarrút. De handicapteparkearkaart is maksimaal 5 jier jildich.
Handicapteparkearkaart kwyt
Handicapteparkearkaart mei in jildigens fan 5 jier ferlern of stellen? Meitsje in ôfspraak om in nije oan te freegjen. Jo hoege net opnij keurd te wurden. Nim by jo ôfspraak in resinte pasfoto mei.
Binne jo in handicapteparkearkaart mei in jildigens fan minder as 5 jier kwyt? Belje ús dan op 0512-581234 om te bepraten wat jo it bêste dwaan kinne.
Parkearplakken foar minderfaliden
Yn en om it sintrum fan Drachten hinne binne parkearplakken foar handicapten.