Start- en reemelding omjouwingsfergunning (fer)bouwen

Hawwe jo in omjouwingsfergunning oanfrege? En is jo omjouwingsfergunning goedkard? Dan is der noch in stap te nimmen foardat jo oan 'e slach kinne: it melden fan de startdatum. Binne jo klear mei (fer)bouwen? Doch dan in reemelding.

Start- of reemelding dwaan

Dit moatte jo witte

  • Jou sawol de start- as de reemelding mei itselde formulier oan ús troch.
  • Jou de datums troch dêr’t de (fer)bou echt op begjint of einiget, ek al dogge jo de melding pas letter.

Omjouwingsfergunning yn 2024 oanfrege?

Hawwe jo in omjouwingsfergunning yntsjinne en oanfrege nei 1 jannewaris 2024 mei gefolchklasse 1? Dan kinne jo de start- en reemelding dwaan fia it Omjouwingsloket.

By it yngean fan de Omjouwingswet falle bouwurken yn gefolchklasse I ûnder it stelsel fan kwaliteitsboarging (Wkb). Gefolchklasse I jildt op dit stuit foar nijbou. Alle ynformaasje mei in wiidweidich stappeplan foar de meldingen dy't jo dwaan moatte fine jo op de pagina oer de Wet kwaliteitsboarging