Melding Iepenbiere Romte

Sjogge jo in ûnfeilige of hinderlike situaasje yn 'e iepenbiere romte? Meld dat dan online by de gemeente.

De 'iepenbiere romte' dat binne plakken dy't wy allegearre brûke lykas: pleinen, sportfjilden, parken ensafuorthinne.  Is der wat op dy plakken net yn oarder? Bygelyks losse stoeptegels, stikkene boarterstastellen of gatten yn 'e dyk. Doch dan in melding. Is der direkt gefaar? Belje dan plysje of brânwacht.

Melding dwaan

Wat kinne jo melde?

Melding grien, gers, beammen

Jo kinne in melding ferstjoere as it te krijen hat mei it behear fan grien, wetter en natuer yn ús gemeente. In pear foarbylden:

  • De sleat is net skjin.
  • Jo sjogge earne reuze readskonk (NL: Japanse duizendknoop)
  • It hege gers soarget foar in ûnfeilige situaasje op ’e dyk.
  • It gers is net opromme nei it meanen.
  • Jo sjogge in beam dy’t hast omfalt.
  • Jo sjogge in deade of loshingjende tûke yn in beam.
  • Der binne sike beammen of planten yn jo strjitte.
  • Der binne hûdyrritearjende planten yn ‘e boarterstún.

Heech gers en ûnkrûd

De gemeente meant de measte gebieten 1 of 2 kear yn ’t jier. Allinnich spesifike gebieten meane wy faker, lykas boartersfjildsjes en oare lytse fjildsjes en parken yn ’e beboude kom. Wy dogge dat fan april oant en mei oktober. Ek it ûnkrûd tusken tegels hâldt de gemeente sels yn ’e rekken en grypt yn as it nedich is. Jo hoege dêr gjin melding fan te meitsjen.

Op de kaart 'Maaien binnen de bebouwde kom'  stiet oanjûn wêr’t wy meane.

Melding grien dwaan

Melding ôffal

Sjogge jo in dumping fan ôffal, ôffal op strjitte of yn it wetter? Bygelyks swalkôffal of bou-ôffal? Reitsje it ôffal net oan en meld it by de gemeente.

Wêr giet it om?

Doch in melding by de gemeente as jo ien fan ûndersteande situaasjes tsjinkomme:

  • Dumping fan ôffal
  • Offal op strjitte
  • Offal yn it wetter
  • Stikken jiskefet

Melding ôffal dwaan

Melding diken

Doch in melding by de gemeente as jo ien fan ûndersteande situaasjes op ’e dyk tsjinkomme:

  • In fersakking yn ’e dyk
  • Gat yn ’e dyk
  • Untbrekkende of losse stoeptegels en/of klinkerts
  • Modder of ûnkrûd op ’e dyk
  • In skansearre ferkearsboerd
  • Skea oan in bushokje
  • Skansearring oan in tunnel of brêge
  • In ûnfeilige ferkearssituaasje

Melding diken dwaan

Haastgefal of gefaarlike situaasje?

Foar haast is de gemeente telefoanysk berikber op wurkdagen fan 08.30 oant 17.00 oere.
Bûten de iepeningstiden fan ’e gemeente nimme jo by haast kontakt op mei de plysje.