Ferkearsûnfeilige situaasje melde

Sjogge jo in ferkearsûnfeilige situaasje? Dan kinne jo dêr in melding fan meitsje. Tink bygelyks oan in ûnoersichtlik krúspunt, linen op 'e dyk dy't min te sjen binne of in plak dêr't faak te hurd riden wurdt. Wy ûndersykje jo melding en besjogge oft der binnen ús mooglikheden in passende oplossing is. 

Ferkearsûnfeilige situaasje melde

Hjirûnder fine jo meldingen dy't wy faak krije en wat jo dêrby fan de gemeente ferwachtsje kinne.

Te hurd ride

De gemeente kin maatregels nimme as oantoand wurde kin dat der faak te hurd riden wurdt en dat dat ta skea fan de ferkearsfeiligens is. Dat kin troch drompels oan te bringen of de ynrjochting fan de dyk oan te passen. Dat docht de gemeente lykwols allinnich by grut ûnderhâld. Dêrom kin salang't it duorret in tydlik snelheidsdisplay pleatst wurde. Dat makket bestjoerders bewust fan harren snelheid.

Te min parkearplakken

De gemeente krijt faak fersiken foar it oanlizzen fan ekstra parkearplakken. De gemeente stelt oan de hân fan parkearnoarmen fêst hoefolle parkearplakken der earne komme moatte. De gemeente leit net samar ekstra parkearplakken oan, omdat dat faak ta skea fan it grien yn de gemeente is.

Der wurdt foar myn útrit parkearre

As ûnbekende ferfiermiddels foar jo útrit of garaazje parkearje, kin dat tige hinderlik foar jo wêze. Parkearje foar in útrit of garaazje is ferbean. Yn dat gefal is sprake fan ferkeard parkearjen en dêr kinne boetes foar útskreaun wurde.

Regelmjittich wurdt frege oft de gemeente in wyt krús oanbringe kin. Dat dogge wy hast nea. Ferkeard parkearjen is nammentlik in kwestje fan gedrach is. In wyt krús hat gjin juridyske status en komt meastentiids net tefoaren dat der dochs noch parkearre wurdt. Bûtendat draacht it net by oan in rêstich strjitbyld.

Om dy redenen pleatst de gemeente yn prinsipe gjin wite krusen foar útritten of garaazjes. By hinderlik parkearjen of it blokkearjen fan 'e dyk advisearje wy jo earst de bestjoerder oan te sprekken. Helpt dat net, nim dan kontakt op mei hanthavening of de plysje.

Handicapteparkearplak

In handicapteparkearplak op kenteken kinne jo oanfreegje fia dizze link: Parkearplak foar handicapten oanfreegje.

Laadpeal foar in elektryske auto

In iepenbiere laadpeal kinne jo oanfreegje fia dizze link: Iepenbiere laadpeal oanfreegje

Bebuording

De gemeente pleatst allinnich ferkearsbuorden dy't needsaaklik binne. Sa komt de gemeente in 'oerwâld' oan buorden tefoaren en bliuwe de belangrykste ferkearsbuorden goed sichtber.

Kloppet de bebuording net neffens jo? Dan hearre wy dat graach. Jo kinne dêr in melding fan meitsje fia de meldingslink boppe-oan dizze side. Op basis fan jo melding besjogge wy wat der oan 'e hân is en hoe't wy dat oplosse kinne.

Sebrapaden

By de oanlis fan sebrapaden folget de gemeente de lanlike rjochtlinen. Wy stribje nei in sa feilich mooglike ferkearssituaasje foar alle ferkearsdielnimmers. As in sebrapaad de ferkearsfeiligens net ferbetteret, wurdt dy dêrom net oanlein.

Pealtsjes en hikjes

Pealtsjes en hikjes op kuier- en fytspaden binne net winsklik. Se binne in belangrike oarsaak fan iensidige ûngemakken, wêrby't kuierders en fytsers tsjin in pealtsje of hikje oan ride en dan falle. Fierders kinne pealtsjes in behindering wêze foar de trochgong fan helptsjinsten, minsken mei in fysike beheining en brûkers fan bygelyks berneweinen.

Sicht en ferkearsspegels

De gemeente is tige ôfhâldend mei it pleatsen fan ferkearsspegels. In spegel is Yn de measte gefallen binne ferkearsspegels gjin oplossing foar in sichtprobleem, omdat se in fertekene byld fan de ferkearssituaasje jouwe. Dat jildt benammen foar ferkearsdielnimmers dy't net bekend binne op de lokaasje. Ek binne fytsers en kuierders troch de fertekening minder goed sichtber. Dat komt de ferkearsfeiligens net ten goede.

Allinnich yn bysûndere situaasjes, wêrby't it sicht folslein ûntbrekt, kin in ferkearsspegel bydrage oan de ferkearsfeiligens. Sokke situaasjes komme binnen de gemeente amper foar.

Soms is der sprake fan sichtbehinderjende begroeiïng. Oer it algemien is yn in 30 km/h-sône allinnich sprake fan sichtbehindering as de begroeiïng ticht by de râne fan de rydbaan komt en sa heech is dat it ferkear (út in ferfiermiddel wei) der net oerhinne sjen kin. Stiet de begroeiïng op romme ôfstân fan de rydbaan, dan is der oer it algemien foldwaande mooglikheid, eventueel mei oanpaste snelheid, oant it krúspunt ta op te riden en sa sicht te krijen op it krusende ferkear.

By hegere snelheden (bygelyks 50 km/h), kin al earder sprake wêze fan sichtbehindering. De ferkearskundige fan de gemeente beoardielet oft der sprake is fan sichtbehinderjende begroeiïng. As der sprake is fan sichtbehinderjende begroeiïng, is de eigener fan de beplanting ferplichte dy te snoeien of eventueel fuort te heljen.

As in muorre fan bygelyks in skuorre soarget foar sichtbehindering, dan moat it ferkear him yn syn gedrach oanpasse oan dy situaasje. De gemeente nimt yn sokke gefallen meastal gjin maatregels."