Heech gers en ûnkrûd melde
Fine jo dat it gers heech stiet en meand wurde moat? Dat hoege jo meastal net te melden. Wy meane tsjintwurdich net mear sa faak as eartiids. De measte gebieten meane we 1 of 2 kear yn 't jier. Allinnich spesifike gebieten meane we faker, lykas boartersfjildsjes en oare lytse fjildsjes en parken yn 'e beboude kom. Wy dogge dat fan april oant en mei oktober. Ek ûnkrûd tusken tegels hoege jo net te melden. De gemeente hâldt dat sels yn 'e gaten en grypt yn as it nedich is.
Wannear wol melde
Sjogge jo heech gers yn in berm bûten de beboude kom dat in gefaarlike situaasje opleveret? Nim dan kontakt mei ús op. Wy komme dan del om te besjen oft meanen nedich is.
Nei jo melding
De gemeente ferwurket jo melding sa gau mooglik, yn elts gefal binnen 2 wike. As it kin, losse wy it probleem op. Eventueel nimme wy kontakt mei jo op.
Us meanbelied
De gemeente meant tsjintwurdich minder om te besunigjen. Dit falt binnen ús belied fan 'sober en doelmjittich'. Dat hâldt yn: allinnich dwaan wat echt nedich is gefaarlike situaasjes foarkomme. Wy meitsje dêryn ûnderskied tusken yntinsyf meane (1 oant 4 kear yn 'e moanne) en ekstinsyf meane (1 of 2 kear yn 't jier).
Besjoch de kaart fan it grienûnderhâld yn gemeente Smellingerlân.