Kwytrekke en fûne foarwerpen
Binne jo wat kwytrekke of hawwe jo wat fûn? Jou dat dan troch oan de gemeente fia de webside verlorenofgevonden.nl.
Dit moatte jo witte
- Jou in fûn foarwerp ôf by de gemeente. Jo krije in befêstiging. Is it foarwerp maksimaal (om de) € 450 wurdich? Dan bewarret de gemeente it foarwerp 3 moanne. Dêrnei wiist de gemeente in eigener oan. Is it foarwerp mear wurdich? Dan is de bewartermyn 1 jier.
- It foarwerp thús bewarje kin ek. Meld by de gemeente dat jo wat fûn hawwe en soargje dat der neat mei it foarwerp bart.
- Bewarret de gemeente it foarwerp? Dan freegje wy de eigener om del te kommen om it foarwerp te besjen.
- Bewarje jo it foarwerp sels? Dan freegje wy de eigener kontakt mei jo op te nimmen foar mear ynformaasje of om it foarwerp te besjen.
- Is der sprake fan dieverij? Doch altyd oanjefte by de plysje. Jou de gemeente ek ynformaasje oer it stellen foarwerp.
- Jo foarwerp weromfûn? Wy nimme kontakt mei jo op. Nim by it opheljen fan jo foarwerp jo legitimaasjebewiis mei.
- Binne jo in fyts kwyt? Doch dan altyd oanjefte by de plysje.
- Binne jo in bist kwyt of hawwe jo in bist fûn? Belje dan mei diere-asyl De Swinge op telefoannûmer 0512 54 31 14.
- Fine jo in dea bist? Bring jo wykteam op 'e hichte.
- Wannear't jo in OV-Chipkaart fûn hawwe, mei dy opstjoerd wurde nei de klanteservice OV-Chipkaart.