Beswier parkearboete
Binne jo it net iens mei in parkearboete, dan kinne jo binnen 6 wike beswier meitsje. Dat kinne jo dwaan as it kenteken fan de auto op jo namme stiet of as de kentekenhâlder jo machtige hat.
Wannear in boete?
Parkearboetes skriuwe wy út as:
- jo net of te min parkearjild betelle hawwe op in betelle parkearplak. De hichte fan dy boete is € 76,70. Beswieren tsjin dy boete kinne jo by ús yntsjinje;
- jo auto ferkeard parkearre stiet (€ 120,- of heger). Beswieren tsjin dy boetes gean fia it Centraal Justitieel Incassobureau (CJIB). Meitsje beswier by it CJIB.
Beswier fia de post
Slagget it net om digitaal beswier te meitsjen? Printsje dan it beswierformulier, folje it formulier yn en foegje by it beswier in kopy ta fan de boete en eventueel in kopy fan jo kochte parkearkaart. Tsjinje jo beswier binnen 6 wike yn en stjoer it nei ús postadres.