Stimpas

Op woansdei 29 oktober 2025 hawwe de Twadde Keamerferkiezingen plak.

Jo krije in stimpas fan ús gemeente as jo:

  • op 15 septimber 2025 ynskreaun steane as ynwenner fan ús gemeente;
  • de Nederlânske nasjonaliteit hawwe;
  • 18 jier of âlder binne;
  • net útsletten binne fan it kiesrjocht.

Wat nimme jo mei as jo stimme sille?

  • Jo stimpas;
  • Jo jildige identiteitsbewiis (paspoart, identiteitskaart of rydbewiis).

Tink derom: jo identiteitsbewiis mei maksimaal 5 jier ferrûn wêze op 'e dei fan it stimmen.

Identiteitsbewiis kwyt

Binne jo jo identiteitsbewiis kwyt? Dan mei it identiteitsburo jo identiteit fêststelle oan 'e hân fan in kopy fan de ferklearring fan fermissing, tegearre mei in dokumint dêr't jo namme en foto op stiet, bygelyks in OV-kaart.

Stimpas kwyt of skansearre?

Freegje dan in ferfangende stimpas oan. Dat kin ynkoarten online.

Jo kinne de ferfangende stimpas ek skriftlik oanfreegje. Jo stjoere de skriftlike oanfraach oer de post nei:

Gemeente Smellingerlân
Team ferkiezingen
Postbus 10.000
9200 HA Drachten

Jo kinne de oanfraach ek maile nei gemeente@smallingerland.nl

Jo oanfraach moat op syn lêst freed 24 oktober 2025 troch ús gemeente ûntfongen wêze. Dêrnei krije jo oer de post jo ferfangende stimpas.

Oan de baly fan it gemeentehûs oan de Reidingwei 6 yn Drachten kinne jo oant tiisdei 28 oktober 2025 12.00 oere in ferfangende stimpas oanfreegje. Jo krije de stimpas fuortendaliks mei.