Stimpas
Op woansdei 18 maart 2026 kieze wy de nije leden fan de gemeenteried fan ús gemeente.
Wa mei stimme op 18 maart 2026
Jo meie stimme as jo:
- 18 jier of âlder binne;
- op 2 febrewaris 2026 ynskreaun stiene of EU-boarger út in oar lân binne of jo steane op syn minst 5 jier yn de gemeente Smellingerlân;
- de Nederlânske nasjonaliteit hawwe of EU-boarger út in oar lân binne of op syn minst 5 jier trochrinnend yn Nederlân ynskreaun steane;
- net útsletten binne fan it kiesrjocht.
Wannear krije jo de stimpas
Jo krije jo stimpas op syn lêst 4 maart 2026. De stimpassen wurde net by elkenien op deselde dei besoarge. Hawwe jo op 5 maart noch gjin stimpas krigen? Dan kinne jo in ferfangende stimpas oanfreegje.
Ferfangende stimpas oanfreegje
Fan 4 maart 2026 ôf fine jo op dizze pagina ynformaasje oer it oanfreegjen fan in ferfangende stimpas.
Wat nimme jo mei as jo stimme sille?
- Jo stimpas;
- Jo jildige identiteitsbewiis (paspoart, identiteitskaart of rydbewiis);
- Ferrûn identiteitsbewiis. Tink derom: dy mei maksimaal 5 jier ferrûn wêze op de dei fan de stimming. De datum fan ferrinnen moat dus maksimaal 19 maart 2021 of letter wêze.
Identiteitsbewiis kwyt
Binne jo jo identiteitsbewiis kwyt? Dan mei it stimburo jo identiteit fêststelle oan de hân fan in kopy fan de ferklearring fan fermissing fan de gemeente, tegearre mei in dokumint dêr't jo namme en foto op steane, bygelyks in ov-kaart.