Sutelfergunning
Jo hawwe in sutelfergunning nedich as jo de útoefening fan 'e ambulante hannel op strjitte dwaan wolle, of produkten of tsjinsten oan 'e doar oanbiede. Jo moatte jo oanfraach op syn minst 8 wike foardat jo sutelje wolle yntsjinje. Freegje de sutelfergunning oan fia gemeente@smallingerland.nl.
Leverje jo guod oan hûs, fan de útoefening fan jo winkel út, lykas bedoeld yn artikel 1 fan de Winkeltidewet? Dan hawwe jo gjin sutelfergunning nedich.
Kosten
Doer fergunning | Kosten |
---|---|
Sutelfergunning foar ien dei | € 48 |
Sutelfergunning foar maksimaal ien kalindermoanne | € 91 |
Sutelfergunning foar langer as fjouwer moanne oant ien jier | € 168 |
Dit moatte jo witte
- Mei in sutelfergunning kinne jo net in stânplak ynnimme. Gean dêrfoar nei de oanfraach foar in stânplakfergunning.
- Sutelje yn it sintrum fan Drachten is net tastien.
- Jo kinne allinnich artikels ferkeapje dy't yn de sutelfergunning neamd wurde.
- Ferkeapje jo iten of drinken? Dan moatte jo foldwaan oan de easken fan de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit.