Stânplakfergunning
Jo hawwe in stânplakfergunning nedich as jo guod ferkeapje wolle of tsjinsten oanbiede wolle fan in iepenbier plak bûtendoar ôf. Freegje dy fergunning oan fia evenementen@smallingerland.nl. Jo moatte jo oanfraach op syn minst 8 wike foar it ynnimmen fan it stânplak yntsjinje. Leverje by jo oanfraach ek in situaasjetekening yn mei ôfmjittingen fan it stânplak.
Kosten
Doer fergunning | Kosten |
---|---|
Ynnimme fan in stânplak foar 1 dei | € 26,50 |
Ynnimme fan in stânplak foar op syn heechst 1 moanne | € 65,10 |
Ynnimme fan in stânplak foar langer as 4 moanne oant 1 jier | € 146,50 |
Wykmerk
Yn Drachten is op tongersdeis en sneons in wykmerk. Wolle jo ynformaasje oer de mooglikheden foar in stânplak op 'e wykmerk? Nim dan kontakt op mei Stichting Marktbeheer.
Dit moatte jo witte
- It ynnimmen fan in stânplak mei net yn striid wêze mei it bestimmingsplan. Dat kinne jo sels kontrolearje fia Planviewer.
- By it ynnimmen fan it stânplak moat foldien wurde oan de foarskriften dy't yn it Besluit brandveilig gebruik en basishulpverlening overige plaatsen (Bgbop) neamd wurde.
- Giet de oanfraach oer partikulier terrein? Dan krije wy by jo oanfraach graach in skriftlike, ûndertekene ferklearring fan de grûneigener. Dêr moat út bliken dwaan dat de grûneigener gjin beswier hat tsjin it ynnimmen fan it stânplak.
- Ferkeapje jo iten of drinken? Dan moatte jo foldwaan oan de easken fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit.