Omjouwingsfergunning oanfreegje
Hawwe jo (fer)bouplannen? Wolle jo slope, in beam kapje, in ynrit oanlizze of jo bedriuw feroarje? Mei in omjouwingsfergunning regelje jo dat yn ien kear fia it omjouwingsloket. Jo krije binnen 8 wike berjocht.
Hoe't wy it dogge
Ienfâldige wurkwize
- Ienfâldige oanfragen lykas bouwe, kapje en slope komme it meast foar. Dy proseduere neame wy de reguliere proseduere. Jo krije de beslissing binnen 8 wike.
- Dy termyn mei de gemeente ien kear mei 6 wike ferlingje. Dat kin foarkomme as wy de oanfraach net binnen 8 wike beoardielje kinne.
- De termyn fan 8 wike begjint as de fergunning folslein yntsjinne is. It foaroerlis oer de fergunning telt net mei foar de termyn.
Wiidweidige wurkwize
- Yn bysûndere gefallen jildt in wiidweidige proseduere, bygelyks by in omjouwingsfergunning foar it miljeu, en soms as de oanfraach ôfwykt fan it bestimmingsplan.
- De beslistermyn by de wiidweidige proseduere is 6 moanne. Dy termyn meie wy mei 6 wike ferlingje. De lange termyn is nedich omdat ferskillende partijen advisearje oer de fergunningsoanfraach.
Ferkenne inisjatyf
Hawwe jo foar jo oanfraach fan in omjouwingsfergunning in 'fersyk ferkenne inisjatyf' trochrûn en dy mei in posityf resultaat ôfsletten? Doch dy stikken by jo oanfraach. Mooglik ferhastiget dat de proseduere foar it krijen fan jo omjouwingsfergunning.
Dit kinne jo dwaan
Fergunningstsjek
In fergunning is net alle kearen nedich, bygelyks net foar in kajút, skûtelantenne of oanbou. Foar oare ferbouwingen is wol in fergunning nedich. Doch in fergunningstsjek fia it Omgevingsloket of nim kontakt op mei de gemeente.
Lis jo plannen oan ús foar
Hawwe jo yngewikkelde plannen? Twifelje jo oft it plan oan de wolstânseasken foldocht of binnen it bestimmingsplan past? Of wolle jo wat feroarje oan in monumint? Lis jo plan foar oan de gemeente. Sa’n fersyk ferkenne inisjatyf is fergees. Doch dat foardat jo de oanfraach omjouwingsfergunning yntsjinje. Jo komme foar dat jo foar ferfelende ferrassingen komme te stean yn it fergunningstrajekt. Jo krije binnen 6 wike in reaksje. Jo bouplannen of ferbouplannen kinne ek gefolgen hawwe foar wenningen ticht by jo. Stel jo buorlju op 'e tiid op 'e hichte.
Slope
Foar sloopwurk en it fuortheljen fan asbest út jo pân hawwe jo meastentiids net in omjouwingsfergunning nedich. Tsjek de betingsten foar slope en asbest fuorthelje.
Beswier fan belanghawwenden
Bytiden is it yn it foar al dúdlik dat belanghawwenden, lykas buorlju, beswier meitsje sille tsjin jo bouplannen. Kom beswier nei de tiid foar troch de buorlju yn 't foar harren miening oan de gemeente trochjaan te litten. Dat kin hjir.
Beswier of yn berop
Nei it beslút hawwe belanghawwenden noch 6 wike de tiid om beswier te meitsjen of yn berop te gean. Jo meie alfêst bouwe of ferbouwe. Dochs riede wy jo oan te wachtsjen oant de beswiertermyn foarby is. Jo binne der dan wis fan dat der gjin beswier makke is. Mar tink derom: by in inisjatyf dat net werom te draaien is, lykas it kapjen fan in beam, moatte jo wachtsje oant de beswiertemyn foarby is. Jo fine hjir mear ynformaasje.
Kontrôle
De gemeente kontrolearret hoe’t jo jo plan útfiere. Dogge jo dat net neffens de fergunning? Dan kin de tafersjochhâlder fan de gemeente de bou stillizze, of jo sels ferplichtsje it gebou ôf te brekken.
Partisipaasje
Partisipaasje is in belangrike pylder ûnder de nije Omjouwingswet. Dy wet giet yn jannewaris 2023 yn. Wolle jo wat (fer)bouwe, delsette of in feest bûtendoar organisearje? Nimme jo in inisjatyf? Dan is it belangryk dat jo de minsken derby belûke op wa't jo plan in posityf of negatyf effekt hat. Dat hjit partisipaasje. Yn de measte situaasjes is partisipaasje ferstannich, mar net ferplichte.
Hoe organisearje jo in goede partisipaasje binnen jo plan? Jo kinne jo tariede en gebrûk meitsje fan ús Handreiking Participatie Smallingerland.