Rioeloansluting oanfreegje
Yn gebieten dêr’t rioelearring leit, is it ferplichte jo hûs of pân oan te sluten op it rioel. Hawwe jo in rioeloansluting nedich fan de hiemgrins oant it haadrioel? Freegje in rioeloansluting oan.
Kosten
Rioeloansluting | |
---|---|
Foar wenningen | € 720 (ynkl. btw) |
Ekstra oansluting op basis fan in offerte | Nim kontakt op |
Foar net-wenningen: op basis fan in offerte | Nim kontakt op |
Dit moatte jo witte
- De gemeente jout it oanslútpunt oan. Fan dat punt ôf kinne jo fan de hiemgrins ôf sels op eigen terrein oanslute.
- It wurk op gemeentegrûn tusken de hiemgrins en it haadrioel fiert de gemeente sels út.