Us arbeidsbetingsten

By in baan dêr'tsto alle dagen sinfol wurk foar de maatskippij yn dochst, hearre goede arbeidsbetingsten en in passend salaris. Do fynst ús arbeidsbetingsten yn de CAO Gemeenten.

Salaris

Oan alle funksjes yn ús organisaasje is in salarisskaal keppele. Elke skaal hat 11 periodiken en by goed funksjonearjen kinst alle jierren in periodyk klimme.

IKB

Boppe-op dyn salaris krigest in Individueel Keuzebudget (IKB). It IKB bedraacht 17,85% fan dyn salaris en is opboud út fakânsjejild, einjiersútkearing, libbensrinbydrage en boppewetlik ferlof. Do hast de frijheid om dyn IKB (alle moannen) útbetelje te litten foar mear salaris, of te besteegjen oan in tal fiskaal freonlike arbeidsbetingsten lykas in fyts, stúdzjekosten of ekstra ferlof.

Pensjoen

Ast wurkest by de oerheid bist fersekere fan in goed pensjoen. Do boust dat op by it Algemeen Burgerlijk Pensioenfonds (ABP).

Wurktiden en hybride wurkjen

By de gemeente bestiet in fulltime wurkwike út 36 oeren en wy wurkje safolle mooglik mei fleksibele oeren. It gemeentehûs is iepen fan 7 oant 7 en do bist dêrbinnen frij om dyn oeren yn te dielen. Ek in fulltime wike ferdiele yn bygelyks 4 kear 9 of 5 kear 8 is besprekber.

Wy fasilitearje hybride wurkjen. Yn prinsipe is it útgongspunt datst minimaal 50% fan dyn kontraktoeren op kantoar bist. Wurkest thús, dan krigest deis in thúswurkfergoeding. Dêrby is der de mooglikheid om budzjet te krijen om dyn thúswurkplak goed yn te rjochtsjen. Fansels yn goed oerlis en foar guon funksjes is dy fleksibiliteit beheind.

Laptop en telefoan

Yn de measte funksjes krigest fan ús in laptop en in telefoan. Dat helpt dy ek om goed (hybride) wurkje te kinnen.

Reiskosten en leasefyts

Smellingerlân stimulearret duorsumens, ek wat wurk-relatearre reizgjen oangiet. Mei dêrom fergoedzje wy reizgjen mei it iepenbier ferfier folslein en biede wy in leasefytsregeling oan (dêr't wy foar dy in part fan meibetelje). 

Komst net mei it iepenbier ferfier of de leasefyts, dan fergoedzje wy € 0,21 de kilometer, ek ast mei dyn eigen fyts of rinnend komst. Foar tsjinstreizen hawwe wy in ov-kaart, elektryske lienfytsen en in tal auto's beskikber. Mochtest dochs mei eigen ferfier gean, dan krigest € 0,31 de kilometer.

Fakânsjedagen en ferlof

Bist fulltime yn tsjinst, dan krigest yn de basis 144 wetlike fakânsje-oeren en út de CAO wei krigest dêr noch 50,4 boppewetlike fakânsje-oeren by. Mei dyn IKB kinst noch ekstra ferlof keapje.

Lês mear oer fakânsjedagen én alles oer ferlofregelingen.

Kollektiviteitskoarting syktekostefersekering

Alle gemeenten hawwe in kollektive syktekostefersekering by IZA, CZ en Menzis, dêr'tst 15% koarting mei krije kinst op oanfoljende pakketten.

Regelromte en fertrouwen 

By Smellingerlân krigest it fertrouwen en de regelromte om nei eigen ynsjoch it ferskil te meitsjen yn dyn funksje. Hjir jouwe wy meiwurkers fertrouwen en romte om te ynnovearjen, te eksperimintearjen, te learen en by te stjoeren yn de praktyk. De belangrykste kearnwurden dy't by dy krêft hearre binne Persoanlik, Mei-inoar en Dwaan.

Trochgroeie en opliedingen

By de gemeente komt it regelmjittich foar dat ien yntern fan funksje feroaret of trochgroeit nei in oare funksje; dat is it foardiel fan wurkje foar in organisaasje dêr't in soad bart.

Smellingerlân ynvestearret yn dyn ûntwikkeling en tinkt mei oer opliedingskânsen. Wy hawwe ûnder oare in Smallingerland Academie dêr't wy ferskate trainingen en kursussen oanbiede. En komst mear te witten oer dysels troch Insights en in persoanlik talintpetear. Ek kinst in petear oanfreegje mei in wurkpaadcoach of meirinne mei in oar team.