Starters en staazje

Us organisaasje is yndield yn 3 kettingen en 20 teams. Elk team hat in eigen oandachtsfjild en mei-inoar wurkje sy oan útdaagjende ûntwikkelingen en projekten dy't der maatskiplik ta dogge.

Startende professional

Sjochst yn ien fan de 20 teams in kâns foar dy as startende professional? Stjoer dan dyn cv en motivaasje nei ús op.

Oan it sykjen nei in staazjeplak?

Folgest noch in oplieding en sikest in staazje by de gemeente? Staazjeplakken en ôfstudearopdrachten (mbû/hbû/wû) biede wy oan fia de ûnderwiisynstellingen lykas Firda (earder ROC Friese Poort), NHL Stenden Hogeschool en Hanzehogeschool Groningen. 

Biedt dyn ûnderwiisynstelling gemeente Smellingerlân net oan as opsje, mar wolst dochs graach in staazjeplak? Nim gerêst kontakt op en freegje nei de mooglikheden.

Kontakt

Mear ynformaasje of wolst dyn cv opstjoere? Dat kin fia vacatures@smallingerland.nl.