De fyzje fan Smellingerlân
Yn ús gemeente steane minsken foarop en net de regels. Wy pakke maatskiplike opjeften op yn gearwurking mei de bewenners, it bedriuwslibben en partners. Dêryn jouwe wy meiwurkers fertrouwen en romte om te ynnovearjen, te eksperimintearjen, te learen en by te stjoeren yn de praktyk.
Ien fyzje: de minske foarop
As ien organisaasje wurkje wy út ien fyzje wei, DE MINSKE FOAROP. Ut dy gedachte wei sette wy ús yn foar in plak foar elkenien yn in leefber Smellingerlân. 'De minske foarop' bestiet út de Samenlevingsvisie (mei dêryn 8 maatskiplike ambysjes) én in Organisatievisie (mei dêryn 8 hânfetten foar de organisaasje), sadat wy ús maatskiplike ambysjes ek wiermeitsje kinne. De sintrale wearden yn ús fyzje binne: Persoanlik, Mei-inoar en Dwaan.
De Samenlevingsvisie
De Samenlevingsvisie bestiet út 8 maatskiplike ambysjes. Dêrfan binne 4 ambysjes ferwurde yn de Sociale Koers: ynwenners fan Smellingerlân hearre in wis bestean te hawwen, derta te dwaan, derby te hearren en harren goed te fielen. De oare 4 ambysjes binne ferwurde yn de Omgevingsvisie: it behâlden en ûntwikkeljen fan ús gemeente mei ekstra each foar de stêd Drachten, de makyndustry, wiken en doarpen en it bûtengebiet.
Sociale Koers
De Samenlevingsvisie is fierder útwurke yn in Sociale Koers. Mei dy koers bepale wy hoe't wy ynspylje op ûntwikkelingen yn Smellingerlân. De koers jout oan wat wy as maatskippij mei-inoar berikke wolle, wat wy belangryk fine en wêr't wy noch oan wurkje moatte.
De Organisatievisie
Alles is der op rjochte ús maatskiplike ambysjes wier te meitsjen. Dêrta soargje wy foar in sa goed mooglike organisaasje. Dat dogge wy út ús Organisatievisie wei, dêr't wy 8 hânfetten yn opnaam ha foar hoe't wy (gear)wurkje yn ús organisaasje. 4 fan dy hânfetten geane oer tsjinstferliening: gastfrij, ûndernimmend, saakkundich en wurkje út ienfâld wei. Dêr wurkje wy oan fia it programma GOED! De oare 4 hânfetten geane oer de organisaasje: gearwurkje, eigenerskip, wiermeitsje en wurkje út de bedoeling wei. Dêr wurkje wy oan fia it programma Klaar voor de Toekomst.
Jo bydrage
Hawwe jo de fyzjes of de Sociale Koers besjoen en hawwe jo in idee of oanfolling? Lit it ús witte.