Fakatueres
Witsto dat Drachten kwa omfang it twadde plak fan Fryslân is?
Yn gemeente Smellingerlân fynst in bysûndere miks fan stedsgebiet, lanlik gebiet en wetter. Mei sa'n 600 meiwurkers sette wy ús yn om goede foarsjenningen en in duorsum en feilich wen- en wurkklimaat te realisearjen mei each foar kultuer en in ynnovearjend bedriuwslibben.
Drachten groeide fan de jierren 50 ôf, mei troch de komst fan Philips, yn in fluch tempo út ta it plak dat it no is. No dogge sa'n 200.000 minsken út de regio hjir alle wiken boadskippen, folgje in oplieding of meitsje op in oare wize gebrûk fan foarsjenningen, lykas skouboarch De Lawei, rekreaasjegebiet De Naturij, swimbad De Welle of de grutste jachthaven fan Fryslân.
Us organisaasje
Ien fan de foardielen fan wurkje by Smellingerlân is ús omfang, wêryn't wy leechdrompelich gearwurkje en do maklik in bân opboust mei kollega's fan útfiering oant direksje. Gearwurkje, persoanlike belutsenens en 'gewoan' dwaan binne ûnderdiel fan ús kultuer.
Do krigest by ús fluch romte en fertrouwen om in bydrage te leverjen oan grutte en lytsere útdagingen. Dêrby hawwe wy gelok mei de omjouwing dêr't wy yn wurkje meie, de topografyske lizzing én de diversiteit dy't dat biedt oan bygelyks maatskiplike opjeften en romtlike projekten. Wy hawwe te krijen met stedsgebiet, autentike doarpen, plattelân en wetterrike gebieten. Yn kombinaasje mei ús ambisjeuze doelen en ferbettermooglikheden leveret dat in ynteressante wurkomjouwing op, sawol yn it sosjaal domein en it romtlik domein as yn ús ketting bedriuwsfiering.
Fakatueres
Us fakatueres fynst op Werken in Friesland. Fia dy webside kinst ek sollisitearje.