De organisaasje: kettingen en teams

Us likernôch 630 meiwurkers binne ferdield oer trije kettingen: Sosjaal Domein, Romtlik Domein en Bedriuwsfiering.

Sosjaal Domein

It Sosjaal Domein bestiet út likernôch 170 kollega's yn 5 teams. In ynwenner fan Smellingerlân heart in wis bestean te hawwen, der ta te dwaan, der by te hearren en him/har goed te fielen. It Sosjaal Domein is ynrjochte om dy doelen te heljen.

De teams fan it Sosjaal Domein

Maatskiplike Untwikkeling

Team Maatskiplike Untwikkeling bestiet út likernôch 40 kollega's. Sy betinke en advisearje oer belied op in soad ferskillende ûnderwerpen, lykas wurk, ynkommen, ynboargerjen, jeugdhelp, skuldhelp, sport, kultuer, ûnderwiis en wolwêzen. Ek hâlde sy harren dwaande mei stipe fan ynwenners, moeting tusken minsken, previnsje en gelikense kânsen foar jongerein. It team wurket oan in maatskippij dêr't minsken harren goed yn fiele, meidwaan kinne en harren ferbûn fiele mei oaren.

Nei Ynkommen

Team Nei Ynkommen bestiet út likernôch 30 kollega's. Sy soargje foar it takennen en behearen fan útkearingen en regelingen foar minsken mei in leech ynkommen. Tink bygelyks oan leefjild foar Oekraynske flechtlingen en de enerzjytaslach. Op dy wize helpt it team ynwenners om genôch jild te hawwen om fan te libjen. Ek tinke se om sinjalen fan skulden en biede sy help by maatskiplike problemen lykas opsluting

Nei Wurk

Team Nei Wurk bestiet út likernôch 30 kollega's. It team wurket oan it begelieden fan ynwenners mei in útkearing nei wurk. Ek ynboargerjen fan migranten falt dêrûnder. Mei bedriuwen yn 'e gemeente soargje sy foar it ferheegjen fan de partisipaasje.

Nei Skoalle

Team Nei Skoalle bestiet út likernôch 25 kollega's. Sy regelje it learlingeferfier, soargje dat jongerein nei skoalle giet (Learplichtwet) en fiere de Trochstreampuntfunksje út yn de regio De Fryske Wâlden. It team helpt jongerein dy't driigje út te fallen of al útfallen binne om wer in passend plak te finen. Dat kin skoalle wêze, wurk of help as dat nedich is. Sa soargje sy derfoar dat mear jongerein in diploma hellet en meidwaan kin yn de maatskippij.

Sosjaal Stypjend

Team Sosjaal Stypjend bestiet út likernôch 45 kollega's. Sy stypje oare teams yn it sosjaal domein en ek Carins. Dat dogge sy foaral op it mêd fan administraasje en regels. It team beheart de finansjele administraasje, kliïnte-administraasje en kontrakten. Fierders binne sy saakkundich yn sosjaal-juridyske saken lykas beswier en berop, it weromfoarderjen fan jild, hanthavening en tafersjoch. Dêrneist wurkje sy oan it foarkommen fan problemen, sadat minsken op 'e tiid holpen wurde.

Romtlik Domein

It Romtlik Domein, oftewol romtlike ûntwikkeling, bestiet út likernôch 245 kollega's en 5 teams. De ketting is ynrjochte foar omjouwingsbehear, romtlike en ekonomyske ûntwikkeling en tafersjoch en hanthavening, mei oandacht foar de stêd Drachten, de 13 doarpen, it bûtengebiet, bedriuwen en de makyndustry.

De teams fan it Romtlik Domein

Romtlike en Ekonomyske Untwikkeling

Team Romtlike en Ekonomyske Untwikkeling bestiet út likernôch 55 kollega's dy't mei-inoar ferantwurdlik binne foar ekonomy, rekreaasje, romtlike oardering, gebietsûntwikkeling, stêdebou, natuer en lânskip, ferkear en ferfier, duorsumens, wetter en miljeu. Projekten lykas it swimbad, mobiliteitsfyzje en de wenningbou-opjefte komme út dit team wei.

Fergunningen, Tafersjoch en Hanthavening

Team Fergunningen, Tafersjoch en Hanthavening (FTH) bestiet út likernôch 50 kollega's. It team is ferantwurdlik foar hanthavening yn it fysike domein, brânfeiligens, miljeu-oanfragen, boufergunningen, Alkoholwet, APV-fergunningen, parkearjen, evenemintefergunningen en juridyske hanthavening.

Iepenbiere Romte

Team Iepenbiere Romte bestiet út likernôch 40 kollega's. Sy soargje foar belied, tarieding en tafersjoch op it ûnderhâld fan de iepenbiere romte. Dat giet oer alles wat bûtendoar is, lykas wegen, kaden, damwanden, rioelen, grien, brêgen en de strjitferljochting. Ek beheare sy de begraafplakken. It wurk is tige ôfwikseljend: fan lytse ûnderhâldsputsjes yn it grien oant grutte projekten, lykas it fernijen fan it rioel yn seis wiken en tagelyk de strjitten opnij ynrjochtsje. Dat bart de kommende 12 jier.

Bûtentsjinst Offal en Miljeu

Team Offal en Miljeu bestiet út likernôch 40 kollega's. Sy soargje foar it ynsammeljen fan ôffal, it behear fan de ekostasjons, it boarsteljen en feien fan ûnkrûd, en foar it bestriden fan glêdens. Ek hearre de monteurs en de bestriding fan ûngedierte by dit team. Tanksij harren ynset wurdt ôffal goed skieden. Sadwaande betelje ynwenners in lege ôffalstoffeheffing en wurdt in grut part fan it ôffal opnij brûkt.

Bûtentsjinst Wiken, Behear en Underhâld

Team Wiken, Behear en Underhâld bestiet út likernôch 60 kollega's. Sy soargje foar it behear en ûnderhâld fan de bûtenromte yn wiken en doarpen. It team hâldt him dwaande mei it grienûnderhâld, berms, sleatten, skjinhâlden fan it rioel, kolken sûgje, swalkôffal opromje, ôffalbakken leegje en boarterstastellen ûnderhâlde. Ek soargje sy dat it sintrum skjin bliuwt. Dêrneist beheare sy de parkeargaraazjes, sportfjilden, begraafplakken, brêgen, it fleanfjild en de gemalen. Sy dogge ek strjitwurk, timmerwurk en farre mei de pont.

Bedriuwsfiering

Bedriuwsfiering bestiet út likernôch 215 kollega's, ferdield oer 7 teams. Om goede resultaten te heljen yn it sosjaal domein en it romtlik domein, is in goede bedriuwsfiering nedich. De kollega's fan de ketting Bedriuwsfiering soargje derfoar dat de organisasje goed wurket. Sy fiere taken út dy't fan belang binne foar it deistich funksjonearjen fan de gemeente.

De teams fan Bedriuwsfiering

Klantkontakt

Team Klantkontakt bestiet út likernôch 35 kollega's. It team is it gesicht fan ús organisaasje en ien fan de redenen dat ús tsjinstferliening heech skoart. It bestiet út ûntfangst, boargersaken, media, administraasje, boaden, ynkeap, skjinmakkers en de telefoansintrale.

Organisaasje en Kommunikaasje

Team Organisaasje en Kommunikaasje bestiet út likernôch 38 kollega's. It team is ferantwurdlik foar personielsbelied, HR-advys, oanlûke & seleksje, HR- en salarisadministraasje, organisaasjeûntwikkeling, kommunikaasje-advys, wurdfiering en ûntwerp & drukwurk.

Data, Ynformaasjemanagement en Technology

Team Data, Ynformaasjemanagement en Technology bestiet út likernôch 43 kollega's. It team jout advys en keapet ynformaasjesystemen oan. Sy soargje foar de servicedesk en it behear fan de systemen. Ek jouwe sy IT-advys. Dêrneist beheare sy de basis- en kearnregistraasjes. It team ûntwikkelet belied om beslissingen te nimmen mei help fan data. Sy meitsje data-analyzes en grafiken om ynformaasje dúdlik te meitsjen. Sy ûndersykje ek prosessen en soargje foar it argyf en it behear fan dokuminten. Fierder jouwe sy advys oer ynformaasje.

Finânsjes

Team Finânsjes bestiet út likernôch 40 kollega's. It team is ferantwurdlik foar de hiele P&C-syklus, finansjele administraasje en advisearring oangeande finânsjes en it finansjeel belied fan de gemeente. Dêrneist is it team ferantwurdlik foar it finansjeel belied, it heffen en barren fan de lokale belestingen en frijskatting.

Concern

Team Concern bestiet út likernôch 40 kollega's. It team is ferantwurdlik foar ynkeap en oanbesteging, advisearring en stipe fan bestjoer, direksje en management, iepenbiere oarder en feiligens, juridysk advys, skeelbesljochting, mediation, klachtebehanneling, privacy en fersekeringen.

Concerncontrol

Team Concerncontrol bestiet út likernôch 8 kollega's. Dit team soarget derfoar dat ús organisaasje doelmjittich, rjochtmjittich en effisjint funksjonearret en 'in control' bliuwt. Sy jouwe advys oer ûntwikkelingen, kânsen, bedrigingen en risiko's dy't fan ynfloed binne op ús organisaasje, de aktiviteiten en projekten.

Programma's en Projekten

Team Programma's en Projekten bestiet út likernôch 35 kollega's. It team fiert grutte programma's en projekten út dy't foar de hiele organisaasje belangryk binne. Dêrneist wurket it team deroan om it wurkjen mei programma's en projekten better en profesjoneler te meitsjen.