Sosjaal ombudsfrou

By gemeente Smellingerlân is Irma van Beek sosjaal ombudsfrou. De sosjaal ombudsfrou is ûnôfhinklik en ûnpartidich en komt op foar de belangen fan ynwenners as it giet oer soarch en stipe by wenjen, libjen en wurkjen.

Wat docht de ombudsfrou

De sosjaal ombudsfrou helpt jo mei it oplossen fan problemen yn it sosjaal domein en alles wat dêrmei gearhinget.  De ombudsfrou sjocht ek oft der miskien strukturele problemen, knyppunten of misstannen yn de gemeente binne. Sy bringt twa kear yn 't jier ferslach út oan de gemeenteried. Op basis fan har advizen kin de gemeente dêrnei aksje ûndernimme om de ynwenners noch better fan tsjinst te wêzen.

Fertroulik en fergees

Jo kinne fertroulik en fergees kontakt opnimme mei de ombudsfrou. Sy harket nei jo en kin foar jo bemiddelje op it mêd fan bygelyks de útfiering fan de Wmo, Partisipaasjewet of Jeugdwet. De ombudsfrou tinkt mei jo mei en as dat nedich is besiket sy de relaasje mei de gemeente wer goed te krijen. Fierders ferwiist sy troch en stipet sy by it oplossen fan it fraachstik. Jo kinne ek by har terjochte mei ûnderfiningen of situaasjes dy't just goed gean en dêr't jo tige tefreden oer binne.

Kontakt 

Op wurkdagen is de sosjaal ombudsfrou telefoanysk berikber op 06 53 80 08 11 en fia sociaalombudsvrouw@smallingerland.nl. As dat nedich is komt se by jo thús del om jo ferhaal te hearren.

Irma van Beek jout ek lêzingen of presintaasjes oer har wurk as sosjaal ombudsfrou, bygelyks by in gearkomste fan in âldereinorganisaasje of doarpsbelangen. 

Sosjaal Ombudsfrou Irma van Beek