Petear opnimme
Wolle jo in petear mei de gemeente opnimme? Bygelyks om dêr thús nochris nei te harkjen of om der in saakkundige nei harkje te litten? Dat mei. Wy freegje jo wol om soarchfâldich en ferantwurdlik mei de makke opnamen om te gean.
Betingsten
- It mei, behalve as der wichtige redenen binne om dat net te dwaan. Yn dat gefal sykje wy mei-inoar in alternatyf, bygelyks in ferslach fan it petear.
- Jo meitsje yn 't foar dúdlik dat jo it petear opnimme wolle, sadat wy dêr ôfspraken oer meitsje kinne.
- Jo jouwe de gemeente in kopy fan de opname as de gemeente dêrom freget. De gemeente kin yn stee dêrfan ek sels it petear opnimme.
- Jo knippe of plakke net yn de lûdsopname sûnder tastimming fan de gemeente yn 't foar. De gemeente docht dat ek net sûnder jo tastimming.
- Opnamen mei byld binne net tastien, behalve as de meiwurker fan de gemeente dêr tastimming foar jout.
- De opname is foaral foar eigen gebrûk. Wolle jo dy mei immen diele? Dan mei dat allinnich mei tastimming fan de gemeente. Besprek dat dus fan tefoaren.
- Publisearje fan de opname (bygelyks op sosjale media of fia de parse) steane wy yn prinsipe net ta, mar freegje ús foaral wat der wol mooglik is.
Mear ynformaasje?
Dizze spulrigels binne basearre op it advys fan de nasjonale ombudsman. Sjoch op www.nationaleombudsman.nl foar mear ynformaasje.
Jo kinne de regels ek downloade as PDF-bestân (214kB).