Krystdagen en âld & nij
Op dizze side fine jo ynformaasje oer de krystdagen en âld & nij, wêrûnder de iepeningstiden.
Iepeningstiden mei de feestdagen
Mei de feestdagen jilde oanpaste iepeningstiden foar besikers foar it gemeentehûs (De Welle), Tuskendjippen en de ekostasjons.
Sletten
- Earste krystdei (tondersdei 25 desimber)
- Twadde krystdei (freed 26 desimber)
- Nijjiersdei (tongersdei 1 jannewaris)
Iepeningstiden Aldjiersdei (woansdei 31 desimber)
- Gemeentehûs: iepene oant 12.00 oere
- Ekostasjons: iepene oant 12.00 oere
- Tuskendjippen: iepene oant 16.00 oere
Offal
Om de krystdagen en âld & nij hinne is de ôffalynsamling wat oars as gewoan. Understeand alle praktyske ynformaasje op in rychje.
Grut ôffal
Yn wike 52 fan 2025 en wike 1 fan 2026 helje wy gjin grut ôffal op.
Oanpaste ôffalynsamling
Op earste krystdei (tongesdei 25 desimber), twadde krystdei (freed 26 desimber) en Nijiersdei (tongersdei 1 jannewaris) ammelje wy gjin ôffal yn. De ynheldagen kinne jo fine op mijnafvalwijzer.nl of op de Afvalwijzerapp.
De ekostasjons binne earste en twadde krystdei (tongersdei 25 en freed 26 desimber) en Nijiersdei (1 jannewaris 2026) sletten.
Tekstyl-, papier- en PMD-konteners
Op woansdei 31 desimber slute wy betiid yn 'e moarn de ûndergrûnske konteners foar tekstyl, papier, plestik en metalen ferpakkingen en drankkartons (PMD). Yn 'e rin fan freed 2 jannewaris kinne jo dy konteners wer brûke.
De ynsammelstasjons foar bygelyks cd's, batterijen en adapters binne fan moandei 22 desimber ôf ticht. Fan 5 jannewaris ôf binne alle Blipverts wer iepen.
Offalbakken
Fan freed 22 desimber ôf slute wy de ôffalbakken dy't yn de gemeente steane. Dat dogge wy om fernielingen en hege kosten foar te kommen. Wolle jo de hûnestrontpûdsjes en it oare ôffal thus yn de rôlkontener dwaan? Fêst tige tank!
Krystbeammen
Op woansdei 7 en tongersdei 8 jannewaris 2026 kinne jo jo krystbeam ynleverje by ferskate skoallen, ferieningen en it wykbehear. Sa gau't de planning bekend is sette wy dat op us webside en yn de Actief.
Fjoerwurk
Yn de gemeente Smellingerlân binne meardere fjoerwurkfrije sônes oanwiisd. Yn dy gebieten is it ôfstekken fan fjoerwurk om de jierwiksel hinne ferbearn. Sa hâlde wy de omjouwing feilich en noflik foar elkenien, ek foar (hús)dieren.
- It fuotgongersgebiet yn it sintrum fan Drachten: Suderbuorren, Noarderbuorren, Mûne-ein NK/SK, Kaden en Houtloane.
- Noard- en Súdkaai (tusken Toerstrjitte/De Drift en Noarder- en Suderdwersfeart), ûnder winkeltiden (06.00 – 22.00 oere).
- It Riedhúsplein.
- It fuotgongerspart fan winkelsintrum De Wiken (Dwarswyk/Middelwyk).
- It fuotgongerspart fan winkelsintrum De Drait (Eems).
- It busstasjon Berchloane en Van Knobelsdorffplein (ynklusyf winkels en parkeargaraazje).
- It fuotgongerspart fan winkelsintrum De Trisken (Molkenkelder) en de M.L. Kingboulevard.
- It fuotgongerspart fan winkelsintrum Noarderpoarte.
- It terrein fan it AZC (Noarderein/Nipkowlaan/Da Vincilaan).
Feilige jierwiksel
Wy freegje elkenien om him/har oan dy fjoerwurkregels te hâlden. Yn de oanwiisde sônes is it ôfstekken fan fjoerwurk ferbean. Sa drage wy mei-inoar by oan in feestlike, mar feilige jierwiksel foar elkenien. Foar fragen oer de fjoerwurkfrije sônes kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente.
Ferkeap fjoerwurk
Ferkeap fan âldjiersfjoerwurk is yn 2025 allinnich tastien op moandei 29, tiisdei 30 en woansdei 31 desimber.
Jo meie allinnich karbidsjitte op 31 desimber tusken 13.00 en 18.00 oere as jo tastimming hawwe fan de gemeente.
Spulregels karbidsjitten
- De organisator is altyd werkenber troch it dragen fan in fluoresearjend feilichheidsheske.
- Gjin feesten/aktiviteiten om it karbidsjitten hinne.
- Partytinten binne tastien, as se oan trije siden iepen binne.
- It útdielen of brûken fan alkohol, gniisgas of drugs is net tastien.
- Molkbussen meie net grutter wêze as in ynhâld fan 50 liter.
- Allinnich sjitte mei in bal en net mei in molkbusdeksel.
- Op in plak mei in ôfstân fan minimaal 75 meter fan wenningen en 300 meter fan foarsjenningen foar it hâlden fan bisten (bygelyks in bûthús of maneezje).
Fiif tips foar feilich karbidsjitten
Soargje dat der altyd in Bewust Oplettende Carbid-Knaller (BOCK) oanwêzich is. De BOCK is op 'e hichte fan de fiif tips oer feilich karbidsjitten:
-
Ried dy goed ta
-
Lês de spulregels. Folje op 'e tiid it meldingsformulier fan de gemeente yn. Dat kinne jo boppe-oan dizze side fine.
-
-
Beskermje dysels en oaren
- Brûk gehoarbeskerming en draach in feilichheidsbril.
-
Soargje foar EHBO
- Soargje derfoar dat der genôch middels binne om te blussen, lykas wetter om te kuoljen en in blustekken.
- Lês de tips foar akute help by brânwûnen op brandwondenzorg.nl.
-
Brûk goed materiaal
- Brûk allinnich in molkbus yn goede steat mei in stevige boaiem.
- Sjit mei in plestik bal yn stee fan in molkbusdeksel.
- Soargje derfoar dat de bus, nei it ûntstekken, net achterút sjitte kin.
-
Untstek it karbid feilich
- Untstek de bus mei in fakkel op in stôk.
- Stean by it ûntstekken oan de sydkant fan de molkbus.
- Gean nea op de bus sitten.
- Soargje derfoar dat it publyk op feilige ôfstân stiet.
Lokaasjes
Drachten
- Teslalaan
- Bakboard (lofts en rjochts neist Bakboard 26)
- Zeppelinlaan/Nipkowlaan
- Ottolaan
De Pein
- Kommisjewei 52
- Leidyk 1
- De Hoarnen (greide yn 'e bocht, krekt nei de krusing De Hoarnen/Eibertsgeasten)
Boarnburgum
- Efterom 5
- De Lege Ein 1
- Boerestreek 6
- Westerbuorren 55
Nyegea
- Kommisjewei 3
Aldegea
- Goudtsjepoel
De Rottefalle
- Ambachtsloane 10
- Houtigehaechsterwei 9
- Heidbuorren 7 (greide loftsefter)
- Foudenswei 24 (eastlike rjochting)
De Houtigehage
- Greide Folgersterloane 51
Drachtsterkompenije
- Oefenterrein TFS Smidswei 13a
De Tike
- Master de Jongwei 36
Parkearje
Ynformaasje oer de parkearmooglikheden yn it sintrum mei de feestdagen.
Fan moandei 29 desimber oant en mei freed 2 jannewaris is it fergees parkearjen op alle parkearterreinen yn it sintrum. De parkeargaraazjes binne ek iepen mei de krystdagen.
Oanpaste ienpeningstiden parkeargaraazjes
| Datum | Oanpaste iepeningstiden |
|---|---|
| Woansdei 24 desimber | iepen fan 07.00 oere oant 20.00 oere |
| Tongersdei 25 desimber | iepen fan 11.00 oere oant 20.00 oere |
| Freed 26 desimber | iepen fan 11.00 oere oant 20.00 oere |
| Woansdei 31 desimber | iepen fan 07.00 oere oant 18.00 oere |
| Tongersdei 1 jannewaris | iepen fan 15.30 oere oant 20.00 oere |
Utride kin 24 oeren deis, 7 dagen yn 'e wike. Abonneminthâlders kinne altyd yn- en útride. Mear ynformaasje oer parkearjen yn Drachten.
Wolle jo âldjiersjûn jo auto parkearje yn de parkeargaraazjes?
Dan kin dat oant woansdeitejûn 31 desimber oant 18.00 oere.