Keninklike ûnderskieding oanfreegje
Kenne jo ien dy't him of har op in bysûndere wize foar de maatskippij ynset? Dan kinne jo him of har foardrage foar in Keninklike ûnderskieding. Hjirûnder lêze jo wannear't jo ien foardrage kinne foar in lintsje en hoe't jo dat oanfreegje kinne.
Wa kin in lintsje krije?
- Jo dogge in foarstel foar in ûnderskieding altyd yn de gemeente dêr't de persoan foar wa't jo de oanfraach dogge wennet.
- Jo kinne efterhelje oft de kandidaat in Keninklike ûnderskieding op priis stelt. Dat kin bygelyks troch – yn it geheim – te ynformearjen by de famylje fan de kandidaat.
- Jo kinne in lintsje oanfreegje foar ien dy't lang aktyf is foar de maatskippij. Jo kinne dêrby tinke oan frijwilligerswurk foar de tsjerke, sportferiening of yn 'e soarch. As ien fyftjin jier of langer efterinoar aktyf is, mei in yntinsiteit fan minimaal seis oeren wyks, kin ien yn oanmerking komme foar in lintsje.
- Jo kinne ek in lintsje oanfreegje foar ien dy't wat dien hat dat belangryk is foar de maatskippij. Jo kinne dêrby tinke oan grinsferlizzend wittenskiplik ûndersyk of in fernijende wize fan ûndernimmen.
- Der binne ferskillende soarten ûnderskiedingen. De meast foarkommende ûnderskieding is Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.
- Ek bedriuwen, stichtingen, ferieningen en ynstellingen kinne in ûnderskieding krije. Bygelyks de Keninklike Earepinning of it Predikaat Keninklik. Mear hjiroer op dizze webside.
It oanfreegjen fan in lintsje
Op dizze webside fine jo it oanfraachformulier. Dat moatte jo folslein ynfolje. Ienris ferstjoerd wurdt jo fersyk trochstjoerd nei gemeente Smellingerlân. In gemeente-amtner besjocht it fersyk en beoardielet oft der genôch oanlieding is om oer te gean ta de foardracht. Dêrnei krije jo yn in e-mail in link nei it komplete digitale foarstelformulier.
De oanfreger moat it formulier folslein ynfolje. Jo kinne persoanen sykje dy't de oanfraach stypje wolle, sadat sy opskriuwe kinne wêrom't sy fine dat ien in lintsje fertsjinnet. Wy neame dat in 'stipeferklearring'. Dat kin bygelyks de foarsitter fan de sportklup skriuwe. Dy stipeferklearringen en eventuele krante-artikels kinne jo digitaal uploade.
Is de persoan yn leantsjinst? Dan moat de wurkjouwer in ferklearring skriuwe dêr't yn stiet dat hy of sy gjin beswier hat tsjin in lintsje foar syn of har wurknimmer.
Wannear moat ik in lintsje oanfreegje?
Wolle jo it lintsje by de lintsjesrein op Keningsdei útrikke litte? Dan moatte jo de komplete oanfraach fóár 1 july fan it jier dêrfoar opstjoere nei de gemeente. Dus foar in lintsje op Keningsdei 2025, moatte jo in oanfraach yntsjinje fóár 1 july 2024. Mar tinke jo oan in útrikking by in bysûndere gelegenheid (byg. in jubileumfiering), dan moatte jo de komplete oanfraach 6 moanne yn 't foar yntsjinje op dizze webside.
It fierdere ferrin fan de proseduere
De boargemaster krijt de oanfraach binnen. Hy sjocht oft it foarstel kompleet is en freget oer de persoan ynformaasje op by plysje en justysje. De boargemaster stjoert syn advys oer de oanfraach oan de Kommissaris fan de Kening. De provinsje besjocht it hiele dossier noch in kear. De provinsje stjoert it dossier mei it advys fan de Kommissaris fan de Kening troch nei it Kapittel. It Kapittel advisearret de Kening oer de lintsjes. De Ministearjes soargje dêrnei dat de lintsjes by de gemeente terjochte komme. De gemeente nimt kontakt op mei de oanfreger fan in lintsje, sa gau't bekend is dat it lintsje takend is.
It kin ek wêze dat in oanfraach úteinlik ôfkard wurdt en der dus gjin Keninklike ûnderskieding takend wurdt oan de kandidaat. Oer de reden dêrfoar kin en mei de gemeente gjin ynhâldlike ynformaasje jaan.
Kontakt
Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Sylvia Boonstra-Westra op telefoannûmer 06 11 283 134 of mail nei: kabinetszaken@smallingerland.