Kadernota
Alle jierren stelt de gemeente in kadernota op. Dêr sketst it kolleezje fan B&W in byld yn fan de finansjele ûntwikkelingen en wêr't de gemeente rekken mei hâlde moat by it opstellen fan de begrutting foar it neikommende jier. Ek steane yn de kadernota plannen foar de kommende jierren. De kadernota is dus in wichtige basis foar de begrutting, dy't letter dat jier opsteld wurdt.