Bestjoersrapportaazje
Yn de bestjoersrapportaazje lêze jo wat de stân fan saken is fan de plannen út de begrutting en hoe't de gemeente der finansjeel foar stiet.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders ynformearret de gemeenteried dêr twa kear jiers oer yn in bestjoersrapportaazje. De gemeenteried kin dêrnei de bestjoersrapportaazje fêststelle. De earste bestjoersrapportaazje giet oer de útfiering fan de begrutting yn de perioade fan jannewaris oant en mei april.