Advysried Sosjaal Domein

Sûnt 1 jannewaris 2022 binne de WMO Advysried en de Kliïnteried Smellingerlân tegearre fierder gien as in nije Advysried Sosjaal Domein Smellingerlân, ôfkoarte ASD Smellingerlân.

Wat is de Advysried Sosjaal Domein Smellingerlân

Dizze nije Advysried hat as taak it kolleezje fan boargemaster en wethâlders frege en net-frege te advisearjen oer (kommend) belied op it mêd fan WMO, Jeugdsoarch en Partisipaasje. Dat kin bygelyks gean oer karren dy't de gemeente meitsje moat foar minsken dy't soarch en/of stipe nedich hawwe en ek oer hoe't wy omgeane mei mantelsoargers en earmoedebestriding. Mar ek oer ús jongerein en it wolwêzen fan ynwenners. Utgongspunt by ús advizen binne altyd ús ynwenners, mei dêrby spesjale oandacht foar (mooglik) kwetsbere boargers.

Wa binne wy en wat dogge wy

Om dat sa goed mooglik dwaan te kinnen, fergaderje wy sa'n tsien kear yn 't jier. Dêrneist fergaderje wy regelmjittich yn de wurkgroepen. Dat is dan op it mêd fan de WMO, Jeugd of Partisipaasje. Elke wurkgroep hat ûnder oare syn eigen ûnderfiningssaakkundigen op in beskaat (sub)gebiet.

Gearstalling Advysried

De Advysried hat in Deistich Bestjoer dat út fjouwer persoanen bestiet, dy't ek lid binne fan de Advysried. It Deistich Bestjoer hat periodyk in persoanlik petear mei de wethâlder oer ûnderwerpen dy't spylje en om him/har te sprekken oer it ferfolch op troch ús oandroegen advizen. Dêrneist is der by de mienskiplike plenêre gearkomsten altyd in amtner fan de gemeente oanwêzich om ús te ynformearjen. Dy persoan is ek ús kontaktpersoan wannear't wy fragen hawwe oer beskate saken.

Advizen

De wurkgroepen riede advizen ta dy't dêrnei mei de hiele Advysried besprutsen en fêststeld wurde. Dy advizen kinne wêze nei oanlieding fan in op te stellen beliedsplan, de saneamde frege advizen. Dy advizen geane dêrnei ek nei de gemeenteried as sy in beslút oer in foarstel nimme moatte.
Mar de wurkgroepen kinne ek sels advizen oandrage, as sy konstatearje dat der ferlet fan is it kolleezje fan boargemaster en wethâlders te wizen op saken dy't oandacht nedich hawwe kinne soenen, om it wolwêzen fan ús ynwenners te befoarderjen. It giet dêrby om algemiene advizen. De Advysried is der net om yndividuele gefallen ûnder de oandacht te bringen. Dêr hat de gemeente in Ombudsfrou foar oansteld. Mar we hearre it wol graach as der wat spilet. Mocht it faker foarkomme, dan kinne wy freegje oft der yndied wat is dat oandacht nedich hat en oft der dan in strukturele oplossing te finen is.

Op 'e tiid belutsen

Op dy wize besiket de ASD Smellingerlân op 'e tiid belutsen te wurden by nij of oan te passen belied, dat soms út de gemeente wei komt en soms út de ryksoerheid wei oplein wurdt. Wy besykje om sa betiid mooglik by in op te stellen beliedsfoarstel of feroardering belutsen te wurden. Dêrmei is it ús opdracht om mei te tinken oer beslissingen dy't gefolgen hawwe kinne foar ús ynwenners, benammen foar de kwetsbere groepen.
Dêr't út it kolleezje wei faak útgien wurdt fan de wetlike, finansjele en juridyske kant fan takomstige plannen, hat de ASD Smellingerlân as doelstelling just de minsklike kant derby te belûken, om sa better maatwurk foar ús ynwenners te berikken yn de nije beliedsplannen en feroarderingen.

Kontakt

Jo kinne de Advysried Sosjaal Domein Smellingerlân oer de mail berikke fia ús amtlik sekretaris.