Achternamme bern kieze

Alden kinne tegearre kieze hokker achternamme harren earste bern kriget. Jo jouwe de keazen achternamme troch oan de gemeente.

Fan 1 jannewaris 2024 ôf kinne jo jo earste bern, dat op of nei 1 jannewaris 2024 berne wurdt, de achternamme fan beide âlden jaan. Der meie net mear as twa nammen jûn wurde. Dy dûbele achternamme jildt ek foar alle neikommende bern fan deselde âlden. It is net ferplichte om in dûbele achternamme te kiezen.

Troud of hawwe jo in registrearre partnerskip?

It kiezen fan de namme kin uterlik dien wurde by de berte-oanjefte. Dêr moatte beide âlden foar op it gemeentehûs komme. Dêrom riede wy oan om it kiezen fan de namme fóár de berte te regeljen. Meitsje in ôfspraak foar it kiezen fan de namme.

Namme kieze

Binne jo net troud of hawwe jo gjin registrearre partnerskip?

Om in dûbele achternamme te kiezen moatte jo it bern earst erkenne litte. Dogge jo dat net, dan kriget it bern de achternamme fan de mem.

Oergongsregeling 

Is jo âldste bern berne op of nei 1 jannewaris 2016 en foar 1 jannewaris 2024? Dan kinne jo ek dat bern en alle neikommende bern in dûbele achternamme jaan. Alden moatte dat tegearre beslisse. Jo hawwe oant 1 jannewearis 2025 de tiid om te achternamme te feroarjen.

Hawwe jo yn 2023 de erkenning ûnberne frucht regele? En wurdt jo bern berne yn 2024? Dan kinne jo by de berte-oanjefte noch kieze foar in dûbele achternamme fan jo bern. It is belangryk dat beide âlden dêrby op it gemeentehûs oanwêzich binne.

Kosten 

Kosten foar it oanpassen fan de achternamme fan jo bern binne:

  • Earste bern € 75,00
  • Elk neikommend bern € 50,00

Kontakt

Hawwe jo fragen oer it kiezen fan in achternamme foar jo bern? Of wolle jo it kiezen fan de namme al foar de berte oan de gemeente trochjaan? Nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia telefoannûmer 0512 581 234

Mear ynformaasje: