Frijskatting oanfreegje
Kinne jo de gemeentlike belestingen net betelje omdat jo in leech ynkommen hawwe? Dan hawwe jo miskien rjocht op frijskatting. Dat kin allinnich foar de rioelbelesting, de ôffalstoffeheffing en de hûnebelesting. By de hûnebelesting kinne jo allinnich frijskatting krije foar de earste hûn.
Betingsten
By jo oanfraach sjogge wy nei jo ynkommen, útjeften en jo fermogen. As jo in partner hawwe, sjogge wy nei it mienskiplike ynkommen en fermogen. As jo allinnich in wenning diele, hâlde wy dêr rekken mei by de beoardieling foar frijskatting.
Jo krije gjín frijskatting as:
- jo in eigen bedriuw hawwe.
- jo in wenning hawwe dy't mear wurdich is as de iepensteande hypoteekskuld dy't jo hawwe.
- jo in auto of motor hawwe dy't mear wurdich is as € 3.350,-, behalven as jo dy absolút net misse kinne foar jo wurk of yn ferbân mei sykte/handicap.
- jo ynkommen heger is as it noarmbedrach.
- jo mear eigen fermogen hawwe as it noarmbedrach.
Automatyske frijskatting nei kontrôle
By it oanfreegjen fan frijskatting kinne jo ús tastimming jaan om jo gegevens alle jierren te kontrolearjen by oare ynstânsjes. Dat dogge wy bygelyks by de Ryksbelestingtsjinst, it UWV en de Rykstsjinst foar it Weiferkear. As jo oan de betingsten foar frijskatting foldogge, krije jo automatysk frijskatting. Jo krije dêr fan ús dan berjocht oer.
Ek ynteressant foar jo
Jo krije ek in oanslach foar de wetterskipsbelesting fan it Noordelijk Belastingkantoor. Miskien hawwe jo ek rjocht op frijskatting fan dy kosten. Dat freegje jo oan by it Noordelijk Belastingkantoor.
Frijskatting foar ID-kaart
Soms kinne jo frijskatting krije foar de kosten fan in identiteitskaart. Dat kin yn de neikommende gefallen:
- as jo frijskatting krije foar gemeentlike belestingen.
- as de oanfreger âlder is as 14 jier (fan 14 jier ôf jildt de identifikaasjeplicht).
- as jo gjin jildich paspoart hawwe.
- as jo net earder frijskatting krigen hawwe foar in ID-kaart. As jo ID-kaart stellen of fermist is, krije jo by it oanfreegjen fan in nije gjin frijskatting.
- as jo âlder binne as 18 jier en by jo âlden ynwenje. Tsjinje sels in frijskattingsfersyk yn. Meiliftsje op in tawiisde frijskatting fan gemeentlike belestingen fan de âlden kin net.
Download it frijskattingsformulier ID-kaart (pdf).
Wet- en regeljouwing
Jo lêze mear oer de regels foar frijskatting op overheid.nl.