Help, advys en ferplichtingen by wurk sykjen
As jo in bystânsútkearing krije, moatte jo sa fluch as mooglik wer sels jo ynkommen fertsjinje. Om de kâns op wurk te fergrutsjen, moatte jo oan partisipaasjeferplichtingen foldwaan. Gemeente Smellingerlân stipet jo dêrby.
De partisipaasjeferplichtingen besteane út:
- De arbeidsplicht
- De re-yntegraasjeplicht
Help en advys by it finen fan wurk
De gemeente helpt elkenien mei in bystânsútkearing by it finen fan wurk. Ek as jo no foar in part in bystânsútkearing hawwe. As jo (noch) net ta binne oan in betelle baan, mar wol wat dwaan wolle foar de maatskippij, dan kinne wy jo dêrby helpe. Miskien is in Partisipaasjebaan of frijwilligerswurk wol wat foar jo. Jo krije begelieding, tips en sollisitaasjetraining
As jo gjin bystânsútkearing krije, mar help nedich hawwe by it sykjen fan wurk, dan kinne jo kontakt opnimme mei it Werkcentrum Fryslân.
Werkcentrum Fryslân.: foar elkenien mei fragen oer wurk.
Hoe wurket it?
Yn in intakepetear sjogge wy watfoar stipe wy jo biede kinne by it finen fan wurk. Jo krije dan in eigen konsulint wurk tawiisd. Tegearre mei jo konsulint wurk sjogge jo wat jo wolle en wat jo kinne en hoe't jo jo kâns op wurk fergrutsje kinne. Mei in breed oanbod oan trainingen, trajekten en yndividuele coaching krije jo ynsjoch yn jo talinten en kwaliteiten. En hoe't jo dy it bêste ynsette kinne foar josels en jo takomstige wurkjouwer.
Kontakt
Gemeente Smellingerlân
Telefoannûmer: 0512 581 234
Moandei o/m freed fan 8.30 oant 16.30 oere
E-mail: gemeente@smallingerland.nl