Minimaregelingen
Minimaregelingen is in sammelnamme foar regelingen foar minsken mei in leech ynkommen. Tink dêrby oan de bysûndere bystân, yndividuele ynkommenstaslach, yndividuele stúdzjetaslach, AV Frieso soarchfersekering, berneregeling en it Sportfonds Smallingerland.
Dy regelingen kinne in tal kosten foar jo fergoedzje. Dat kin as jo (húshâldings)ynkommen en fermogen leger is as de noarmen (regels) dy't dêrfoar ôfsprutsen binne.
Budzjetgids
Yn de budzjetgids fan gemeente Smellingerlân fine jo in oersjoch fan alle regelingen en ekstra's foar minsken mei in leech ynkommen. Yn de gids steane ek de betingsten en grinzen foar ynkommen en fermogen. Fierders fine jo dêr ynformaasje oer organisaasjes dy't helpe kinne.
Sjoch wêr't jo rjocht op hawwe
Der binne yn Nederlân en binnen gemeente Smellingerlân in soad regelingen en taslaggen, mar hoe witte jo no wêr't jo rjocht op hawwe?
Op de webside datgeldtvoormij.nl kinne jo besjen hokker taslaggen en/of regelingen jo oanfreegje kinne. Mear ynformaasje fine jo ûnder it kopke Help by finansjele fragen.
Bysûndere bystân is der as jo bysûndere needsaaklike kosten hawwe dy't jo net betelje kinne en nearne oars fergoede krije kinne. Bygelyks advokaatkosten, kosten bewâldfiering of bysûndere reiskosten.
As jo ynkommen heger is as 115% fan de bystânsnoarm dy't foar jo jildt, kinne jo miskien ek yn 'e beneaming komme foar (in part fan de) bysûndere bystân. Leverje de oanfraach yn fóárdat jo de kosten meitsje sille. Wy sjogge graach tegearre mei jo oft de kosten (foar in part) fergoede wurde kinne.
Oanfreegje bysûndere bystân
Jo kinne de bysûndere bystân digitaal of skriftlik oanfreegje.
Digitaal oanfreegje bysûndere bystân
Wolle jo dit leaver skriftlik oanfreegje? Dat kin fia it oanfraachformulier(pdf 159kB). Jo kinne it formulier printsje of ophelje by de baly fan it gemeentehûs. Jo kinne it formulier mei alle taheakken ynleverje by de baly fan it gemeentehûs of opstjoere nei: Antwurdnûmer 73, 9200 VB Drachten. Der hoecht gjin postsegel op de slúf.
Help by oanfreegjen
Slagget it jo net de oanfraach sels te dwaan? Dan kinne jo foar help terjochte by Bibliotheek Drachten. De biblioteek hat in formulieresprekoere. Yn dat sprekoere folje sy tegearre mei jo it formulier yn.
Jo kinne dêr in ôfspraak foar meitsje oan de baly fan de biblioteek. Jo fine de biblioteek oan Museumplein 1 yn Drachten. Jo kinne ek belje mei telefoannûmer 0512 512 680.
Hiene jo de ôfrûne 3 jier yn trochsneed in ynkommen oant 115% fan de bystânsnoarm? En binne jo en jo partner tusken de 21 jier en de pensjoenberjochtige leeftiid? Dan kinne jo ien kear yn 'e 12 moanne in yndividuele ynkommenstaslach oanfreegje. Dy taslach meie jo oeral foar brûke. Jo wurde net koarte op jo útkearing en de taslach wurdt net sjoen as ynkommen.
Tink derom: Krigen jo yn de ôfrûne 3 jier stúdzjefinansiering, dan komme jo net yn 'e beneaming foar dizze regeling.
Hichte yndividuele ynkommenstaslach
- Allinnichsteande € 375
- Allinnichsteande âlder € 375
- Trouden / gearlibjenden € 450
Foldogge jo oan boppesteande betingsten en hawwe jo gjin berjocht fan ús krigen? Nim dan kontakt mei ús op.
Oanfreegje
Jo kinne de Yndividuele ynkommenstaslach (IKT) digitaal en skriftlik oanfreegje:
Wolle jo dit leaver skriftlik oanfreegje? Dat kin fia it oanfraachformulier (pdf 116kB). Jo kinne it formulier printsje of ophelje by de baly fan it gemeentehûs. Jo kinne it formulier mei alle taheakken ynleverje by de baly fan it gemeentehûs of opstjoere nei: Antwurdnûmer 73, 9200 VB Drachten. Der hoecht gjin postsegel op de slúf.
Help by oanfreegjen
Slagget it jo net de oanfraach sels te dwaan? Dan kinne jo foar help terjochte by Bibliotheek Drachten. De biblioteek hat in formulieresprekoere. Yn dat sprekoere folje sy tegearre mei jo it formulier yn.
Jo kinne dêr in ôfspraak foar meitsje oan de baly fan de biblioteek. Jo fine de biblioteek oan Museumplein 1 yn Drachten. Jo kinne ek belje mei telefoannûmer 0512 512 680.
As jo studearje en troch in beheining net byfertsjinje kinne, dan kinne jo in yndividuele stúdzjetaslach krije. It bedrach is ôfhinklik fan jo leeftiid.
Betingsten
Om in yndividuele stúdzjetaslach te krijen, moatte jo oan de neikommende betingsten foldwaan:
- Jo folgje in oplieding dêr't jo stúdzjefinansiering of in temjittekomming yn de stúdzjekosten foar krije;
- Jo hawwe in medyske beheining sadat jo neist jo stúdzje net wurkje kinne;
- Jo hawwe rjocht op in útkearing op grûn fan de Wet arbeidsongeschiktheidsvoorziening jonggehandicapten (Wajong-útkearing).
Leeftiid | Bedrach |
---|---|
21 jier en âlder | € 359,57 |
20 jier | € 287,66 |
19 jier | € 215,75 |
18 jier | € 179,79 |
17 jier | € 142,04 |
16 jier | € 124,06 |
15 jier | € 107,88 |
Wat fierders belangryk is
- As wy net genôch gegevens hawwe om beslisse te kinnen oft jo neist jo stúdzje net wurkje kinne troch in bliuwende beheining, sille wy in medysk advys opfreegje. Dêroer nimme wy kontakt mei jo op.
- Wy sjogge allinnich nei jo eigen situaasje. As jo in partner hawwe, dan sjogge wy net nei it (eventuele) ynkommen fan jo partner.
- Jo krije stúdzjetaslach salang't jo foldogge oan de betingsten.
- In staazjefergoeding oant € 215,75 yn 'e moanne hat gjin ynfloed op jo stúdzjetaslach. Krije jo mear as € 215,75 yn 'e moanne staazjefergoeding? Dan bringe wy de ynkomsten út staazjefergoeding boppe de € 215,75 yn 'e moanne yn mindering op jo stúdzjetaslach.
- As jo situaasje feroaret, bygelyks wannear't jo slagge binne of ophâlde mei de stúdzje, freegje wy jo dat fuortendaliks oan ús troch te jaan. Sa komme jo tefoaren dat jo de taslach werombetelje moatte.
Yndividuele stúdzjetaslach oanfreegje
Yndividuele stúdzjetaslach oanfreegje
Wolle jo dit leaver skriftlik oanfreegje? Dat kin fia it oanfraachformulier. Jo kinne it formulier printsje of ophelje by de baly fan it gemeentehûs. Jo kinne it formulier mei alle taheakken ynleverje by de baly fan it gemeentehûs of opstjoere nei: Antwurdnûmer 73, 9200 VB Drachten. Der hoecht gjin postsegel op de slúf.
Help by oanfreegjen
Slagget it jo net de oanfraach sels te dwaan? Dan kinne jo foar help terjochte by Bibliotheek Drachten. De biblioteek hat in formulieresprekoere. Yn dat sprekoere folje sy tegearre mei jo it formulier yn.
Jo kinne dêr in ôfspraak foar meitsje oan de baly fan de biblioteek. Jo fine de biblioteek oan Museumplein 1 yn Drachten. Jo kinne ek belje mei telefoannûmer 0512 512 680.
Hawwe jo in leech ynkommen en wolle jo dochs in wiidweidige soarchfersekering? Meitsje dan gebrûk fan de AV Frieso Compleet soarchfersekering fan de Friesland Zorgverzekeraar. Dy kollektive fersekering is foaral geskikt as jo in soad soarchkosten hawwe.
Hawwe jo net sa'n soad soarchkosten, dan is in oare fersekering miskien better. Jo kinne alle soarchfersekeringen mei-inoar fergelykje op datgeldtvoormij.nl.
Betingsten
Jo kinne de AV Frieso Compleet fersekering ôfslute as:
- jo ynkommen leger is as 115% fan de bystânsnoarm;
- jo fermogen leger is as de fermogensgrins;
- jo gjin efterstân hawwe yn 'e betelling fan jo moanlikse soarchpreemje;
- jo al fersekere binne by De Friesland Zorgverzekeraar.
Oerstappe nei De Friesland
As jo wol in AV Frieso fersekering ôfslute wolle mar noch by in oare soarchfersekerder fersekere binne, dan moatte jo earst oerstappe nei De Friesland Zorgverzekeraar. Oerstappe of in oanfoljende soarchfersekering ôfslute kin oant 1 febrewaris fan it nije jier. Dat kin as jo foar 31 desimber jo âlde soarchfersekering opsizze. As jo oerstappe foar 31 desimber dan seit de nije soarchfersekering automatysk de âlde soarchfersekering op.
Goed fersekere
Tanksij in bydrage fan 'e gemeente en in koarting fan De Friesland Zorgverzekeraar binne jo goed fersekere. Neist de basisfersekering krije jo bygelyks in fergoeding foar:
- eigen bydrage Wmo;
- toskedokterkosten fan 18 jier ôf;
- ortodonsy oant 18 jier;
- fysioterapy;
- fergoeding foar in bril.
Moanlikse preemje, medyske keuring en eigen risiko
Yn 2024 is de moanlikse preemje foar de AV Frieso € 167,65 yn 'e moanne. Der is gjin medyske keuring nedich om dy fersekering ôf te sluten. Jo kinne it eigen risiko yn terminen betelje.
Mear ynformaasje fine jo op de webside fan soarchfersekerder De Friesland.
Oanfreegje
Wolle jo dit leaver skriftlik oanfreegje? Dat kin fia it oanfraachformulier. Jo kinne it formulier printsje of ophelje by de baly fan it gemeentehûs. Jo kinne it formulier mei alle taheakken ynleverje by de baly fan it gemeentehûs of opstjoere nei: Antwurdnûmer 73, 9200 VB Drachten. Der hoecht gjin postsegel op de slúf.
Help by oanfreegjen
Slagget it jo net de oanfraach sels te dwaan? Dan kinne jo foar help terjochte by Bibliotheek Drachten. De biblioteek hat in formulieresprekoere. Yn dat sprekoere folje sy tegearre mei jo it formulier yn.
Jo kinne dêr in ôfspraak foar meitsje oan de baly fan de biblioteek. Jo fine de biblioteek oan Museumplein 1 yn Drachten. Jo kinne ek belje mei telefoannûmer 0512 512 680.
De berneregeling is der om alle bern meidwaan litte te kinnen. Ek as âlden dat sels net betelje kinne. As jo in ynkommen hawwe oant 120% fan de bystânsnoarm, kinne jo in oanfraach dwaan foar bygelyks swimlessen, skoalreiskes, skoalguod, kontribúsje foar in sport- of muzykferiening en sportattributen foar jo bern fan 0 oant 18 jier.
Elke oanfraach foar it fergoedzjen fan kosten moatte jo yn 't foar oanfreegje. In meiwurker fan 'Samen voor alle Kinderen' nimt kontakt mei jo op.
Sportfonds Smallingerland is foar alle ynwenners fan gemeente Smellingerlân fan 18 jier ôf dy't sporte wolle, mar dat net sels betelje kinne. It lidmaatskip by in sportferiening wurdt út it Sportfonds wei fergoede.
Soms hoege jo mei in ynkommen op bystânsnivo bepaalde gemeentlike belestingen net te beteljen. Miskien komme jo yn 'e beneaming foar frijskatting.
Is jo waskmasine of kuolkast oan ferfanging ta? Mooglik komme jo yn 'e beneaming foar ús tydlike wytguodregeling.
De tydlike wytguodregeling falt ûnder ús subsydzjeregeling foar enerzjybesparjende produkten. Jo kinne dy oanfreegje oant 1 jannewaris 2026.
Betingsten wytguodregeling
Jo kinne gebrûk meitsje fan de tydlike wytguodregeling as:
- jo yn de gemeente Smellingerlân wenje;
- jo yn in selsstannige romte wenje;
- jo ynkommen net heger is as 120% fan de bystânsnoarm (sjoch bedraggen hjirûnder);
- jo noch net earder fan dizze regeling gebrûk makke hawwe.
Ynkommens- en fermogensgrinzen
Yn de tabel fine jo de ynkommens- en fermogensgrins nei leeftiid en wensituaasje. De ynkommensgrinzen binne 120% fan de bystânsnoarm. De bedraggen binne netto ynklusyf fakânsjejild.
Leef- en/of wensituaasje | Ynkommensgrins | Fermogensgrins |
---|---|---|
Fan 21 jier ôf oant pensjoenberjochtige leeftiid | ||
Allinnichsteand | € 1.492,- | € 7.575,- |
Troud/gearlibjend | € 2.131,- | € 15.150,- |
Allinnichsteande âlder* | € 1.492,- | € 15.150 |
Pensjoenberjochtige leeftiid | ||
Allinnichsteand | € 1.661,- | € 7.575,- |
Troud/gearlibjend | € 2.254,- | € 15.150,- |
*Allinnichsteande âlder: jo binne allinnichsteand en der wenje minderjierrige bern by jo.
De bedraggen fan de weardebon
De enerzjybesparjende produkten biede wy oan yn de foarm fan in weardebon (voucher). Mei de weardebon kinne jo in bestelling dwaan foar in produkt. Hoe't jo dat dogge, lizze wy jo út as jo in oanfraach yntsjinne hawwe.
- De hichte fan de weardebon foar in waskmasine (mei minimaal enerzjylabel A) is € 600,-.
- De hichte fan de weardebon foar in kuolkast of kuol-frieskombinaasje (mei minimaal enerzjylabel C) is € 700,-.
Tink derom: foar wytguodprodukten moatte jo in kar meitsje tusken twa vouchers: in waskmasine of in kuolkast.
Oanfreegje tydlike wytguodregeling
Jo dogge in oanfraach foar de tydlike wytguodregeling fia de webside https://energiecoachdrachten.nl.
In Enerzjycoach nimt dêrnei kontakt mei jo op. De Enerzjycoach advisearret en helpt jo by it oanfreegjen fan de tydlike wytguodregeling en mooglike oare enerzjybesparjende produkten.
Fragen?
Hawwe jo fragen oer de tydlike wytguodregeling? Dan kinne jo:
- belje mei 0512 581 234
- maile nei elles@energiecoachdrachten.nl
Wolle jo jo enerzjyrekken ferleegje en jo hûs ferduorsumje? Miskien kinne jo subsydzje krije foar enerzjybesparjende produkten.
De enerzjybesparjende produkten falle ûnder ús subsydzjeregeling foar enerzjybesparjende maatregels. Jo kinne dy oanfreegje oant 1 jannewaris 2026.
Hokker enerzjybesparjende produkten binne der?
- Lytse enerzjybesparjende produkten, lykas radiatorfoly, tochtstrippen, ledferljochting
- Wytguodprodukten lykas in kuolkast of waskmasine
Jo kinne subsydzje foar enerzjybesparjende produkten krije as:
- jo yn de gemeente Smellingerlân wenje;
- jo yn in selsstannige romte wenje;
- jo ynkommen net heger is as 120% fan de bystânsnoarm (sjoch bedraggen hjirûnder);
- jo noch net earder fan dizze regeling gebrûk makke hawwe.
Ynkommens- en fermogensgrinzen
Yn de tabel fine jo de ynkommens- en fermogensgrins nei leeftiid en wensituaasje. De ynkommensgrinzen binne 120% fan de bystânsnoarm. De bedraggen binne netto ynklusyf fakânsjejild.
Leef- en/of wensituaasje | Ynkommensgrins | Fermogensgrins |
---|---|---|
Fan 21 jier ôf oant pensjoenberjochtige leeftiid | ||
Allinnichsteand | € 1.492,- | € 7.575,- |
Troud/gearlibjend | € 2.131,- | € 15.150,- |
Allinnichsteande âlder * | € 1.492,- | € 15.150 |
Pensjoenberjochtige leeftiid | ||
Allinnichsteand | € 1.661,- | € 7.575,- |
Troud/gearlibjend | € 2.254,- | € 15.150,- |
* Allinnichsteande âlder: jo binne allinnichsteand en der wenje minderjierrige bern by jo.
De bedraggen fan de weardebon
De enerzjybesparjende produkten biede wy oan yn de foarm fan in weardebon (voucher). Mei de weardebon kinne jo in bestelling dwaan foar in produkt. Hoe't jo dat dogge, lizze wy jo út as jo in oanfraach yntsjinne hawwe.
- De hichte fan de voucher foar lytse enerzjybesparjende produkten is € 80,-
- De hichte fan de voucher foar in waskmasine (mei minimaal enerzjylabel A) is € 600,-
- De hichte fan de voucher foar in kuolkast of kuol-frieskombinaasje (mei minimaal enerzjylabel C) is € 700,-.
Tink derom: foar wytguodprodukten moatte jo in kar meitsje tusken twa vouchers: in waskmasine óf in kuolkast.
Oanfreegje tydlike wytguodregeling
Jo dogge in oanfraach foar de tydlike wytguodregeling fia de webside https://energiecoachdrachten.nl.
In Enerzjycoach nimt dêrnei kontakt mei jo op. De Enerzjycoach advisearret en helpt jo by it oanfreegjen fan de tydlike wytguodregeling en mooglike oare enerzjybesparjende produkten.
Fragen?
Hawwe jo fragen oer de tydlike wytguodregeling? Dan kinne jo:
- belje mei 0512 581 234
- maile nei elles@energiecoachdrachten.nl
Jo kinne op ferskate plakken help krije wannear't jo finansjele fragen hawwe.
De biblioteek
Yn de biblioteek kinne jo terjochte mei fragen oer de digitale oerheid, it ynfoljen fan formulieren en it dwaan fan belestingoanjefte. Dêr organisearret de biblioteek ferskate sprekoeren en kursussen foar. De help fan de biblioteek is fergees. Mear ynformaasje dêroer kinne jo fine op de webside fan Bibliotheek Drachten.
Humanitas Thuisadministratie
Humanitas Thuisadministratie hâldt alle tiisdeitemoarnen fan 10.00 oant 12.00 oere in oanrinsprekoere foar ynwenners fan Smellingerlân mei in leech ynkommen. It oanrinsprekoere is fergees yn de Warme Huiskamer yn it gebou fan it Leger des Heils, oan de Stasjonswei 112 yn Drachten.
Jo kinne by it oanrinsprekoere terjochte mei al jo fragen oer ûntfongen formulieren of mei in fersyk om help by it oanfreegjen fan in útkearing, frijskatting, taslaggen ensfh. It is net nedich yn 't foar in ôfspraak te meitsjen.
Jildsaken
Team Jildsaken fan Carins helpt minsken mei allerhande saken oangeande jild. Team Jildsaken is der ek foar ynformaasje, advys, bemiddeljen en help by it oanfreegjen fan regelingen, helpmiddels, in tsjinst of soarch. Dat dogge sy mei ferskate oare organisaasjes op it mêd fan wolwêzen, earmoed en skulden. Mear ynformaasje oer Team Jildsaken fine jo op de webside fan Carins.
Sjoch wêr't jo rjocht op hawwe
As ynwenner fan ús gemeente kinne jo streekrjocht de taslaggen en regelingen oanfreegje dêr't jo rjocht op hawwe. Untdek it sels en anonym.
Wolle jo witte op hokker regelingen en taslaggen jo rjocht hawwe? Doch de check fia datgeldtvoormij.nl. Fia datgeldtvoormij.nl witte jo hokker taslaggen en/of regelingen der foar jo binne. Ek besjogge jo hjir fuortendaliks oft jo wol it bêst passende enerzjykontrakt en soarchfersekering hawwe. Sadwaande kinne jo alle jierren oant wol €600,- besparje. Mar miskien noch wol belangriker: der is wer rêst en oersjoch omdat de jildsaken op oarder binne.
Sjoch wêr't jo rjocht op hawwe
Leaver in persoanlik petear? Fia datgeldtvoormij.nl kinne jo ek fergees in advyspetear oanfreegje. In meiwurker fan bygelyks M.O.S. Wegwijzers, Humanitas, Schuldhulpmaatje lit jo yn dat petear sjen wêr't jo rjocht op hawwe en hoe't jo jild besparje kinne. It petear is frijbliuwend, fergees en fertroulik. De gegevens wurde allinnich brûkt om te sjen wêr't jo rjocht op hawwe.