Ynformaasje oer de wolf

De ôfrûne tiid wurde der hieltyd faker wolven sinjalearre yn Súdeast-Fryslân. Op dizze side lêze jo mear oer de wolf en wat jo dwaan kinne as jo in wolf tsjinkomme.

Wet natuerbeskerming en it lanlik Wolvenplan

Sûnt in tal jierren is de wolf wer werom yn Nederlân en no ek yn ús regio. Yn Súdeast-Fryslân binne de ôfrûne tiid wolven sinjalearre. Dat hat laat ta meardere ynsidinten dêr't sawol hobby- as bedriuwsmjittich hâlden fee by oanfallen is. Dat soarget foar noed en ferskate emoasjes yn doarpen, wat folslein begryplik is. Yn Smellingerlân binne op dit stuit noch gjin ynsidinten bekend.

As gemeente nimme wy de soargen fan ús ynwenners en feehâlders serieus. Lykwols, de gemeente hat gjin formeel foech oer de wolf, dat leit by de provinsje Fryslân. De provinsje is ferantwurdlik foar de útfiering en hanthavening fan de Wet natuerbeskerming en it lanlik Wolvenplan.

Hoe om te gean mei in wolf?

Wolven hawwe in grut leefgebiet en binne fan natuere skouwe bisten. Trochstrings sille sy besykje minsken te mijen. It is lykwols mooglik dat jo in wolf of meardere wolven tsjinkomme. Yn dat gefal is it goed om te witten wat jo wol en net dwaan moatte.

De belangrykste regels by it sjen fan in wolf:

  • Draaf net fuort.
  • Rin stadich efterút.
  • Hâld op syn minst 100 meter ôfstân ta de wolf.
  • Komt de wolf te tichtby? Draaf net fuort, praat lûd en meitsje josels grut om de wolf witte te litten dat jo der binne. 
  • Rin net efter de wolf oan.
  • Fuorje of lokje de wolf net.
  • Hâld jo hûn koart oan 'e line.
  • As jo welpen tsjinkomme, ferlit it plak dan fluch.
  • Meld jo waarnimming fuortendaliks by it Wolvenmeldpunt

Beskerming fan de wolf

De wolf is wetlik beskerme op grûn fan de Wet natuerbeskerming. It deadzjen, fangen of fersteuren fan wolven is ferbean. Wol kinne previntive maatregels troffen wurde, lykas it delsetten fan stekken om lânbouhúsdieren te beskermjen. De mieningen oer de winsklikheid fan de wolf yn Nederlân binne ferdield, mar de wetjouwing bepaalt hoe't wy mei de wolf omgean moatte.

Op de webside fan de provinsje Fryslân fine jo mear ynformaasje oer previntive maatregels, subsydzjeregelingen en it Interprovinciaal Wolvenplan. Dêr wurde ek fragen beäntwurde dy't in soad steld wurde.

Yn septimber 2024 hawwe Europeeske ministers besletten dat de wolf net langer 'strang beskerme' is, mar mooglik de status fan 'beskerme' krije sil, wat betsjutte kin dat de beskerming op termyn wat ferromme wurdt.

Wat kinne jo dwaan by skea?

As jo tinke dat der troch in wolf skea oan lânbouhúsdieren is, kinne jo dat melde by BIJ12. Dat kin digitaal fia harren webside Wolven – BIJ12 of telefoanysk fia (085) 48 62 222.

Hawwe jo in wolf sjoen of tinke jo in wolf sjoen te hawwen? Meld dat dan fia de webside Wolven in Nederland.