Wykatlas Smellingerlân

De Wykatlas Smellingerlân befettet in soad ynformaasje oer de buerten en wiken yn 'e gemeente Smellingerlân. De ynformaasje giet oer ferskate ûnderwerpen lykas wenjen, feiligens, leefberens en befolking. 

Gemeente Smellingerlân hâldt ien kear yn 'e twa oant fjouwer jier in grutte enkête ûnder ynwenners. De útkomsten dêrfan steane yn de Wykatlas. Dat jout ynsicht yn hoe't ynwenners harren buert ûnderfine en wat sy fine fan de tsjinstferliening fan de gemeente. 

De Wykatlas hat ek in databank. Dêrmei kinne jo sels ynformaasje besjen foar elke buert of wyk. Jo kieze it ûnderwerp, it jier en it gebiet. Dêrnei kinne jo de ynformaasje besjen yn in tabel, grafyk of kaart. 

Wykatlas Smellingerlân